Emily Gee (19??), is in Nijseelânsk skriuwster, dy't behalven ûnder har wiere namme ek ferskate boeken publisearre hat ûnder de pseudonimen Emily May en Emily Larkin. Har wurk omfiemet sawol fantasyromans as romantyske literatuer yn in histoaryske setting.

Emily Gee
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Emily May, Emily Larkin
echte namme Emily Gee
nasjonaliteit Nijseelânsk
berne 19??
berteplak ? Nij-Seelân
etnisiteit Ingelsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, romantyske fiksje,
hist. romans
bekendste
  wurk(en)
Thief with No Shadow
The Cursed Kingdoms-trilogy
útjouwer Solaris
jierren aktyf 2005 – no
offisjele webside
www.emilygee.com

Emily Gee is de dochter fan 'e yn Nij-Seelân tige ferneamde literêre romanskriuwer Maurice Gee (b. 1931), dy't ek ferskate berneboeken op syn namme stean hat. Mei in skriuwer as heit en in bibletekaresse as mem groeide Gee mei har suster Abigail op yn in hûs dat smoarfol siet mei boeken. Hoewol't se der as bern withoefolle nocht oan hie om jûns ta te harkjen as har heit in nij haadstik út in eigenskreaun berneboek foarlies, rekke Gee úteinlik takocht, en op 'e middelbere skoalle wie Ingelsk har minst favorite fak, dat se sa gau mooglik falle liet.

Gee studearre geology en geofysika oan 'e universiteit, en brocht neitiid ferskate jierren troch mei reizgjen en wurkjen yn it bûtenlân, û.m. as rehabilitaasjeynstruktrise, postbesoarchster, technysk assistinte yn in wynmakkerij, servearster en wittenskiplik assistinte op Antarktika. Dêrby wenne se û.m. yn Sweden en Skotlân en doarme hja as backpacker om troch Jeropa, Noard-Amearika, it Midden-Easten, Noard-Afrika en Sina. En dat alles die se sûnder lykfol hokker bedoeling om ea in boek te skriuwen. Oant se op in dei yn 'e bus siet yn Syrje, mei de woastyn dy't him oan wjerskanten fan 'e wei oant de kimen ta útstriek, en tocht fan: "Stel dat..." En ear't se it trochhie of tsjinhâlde koe, wie se yn har holle in roman oan it gearstallen.

Yn 2005 stjoerde Gee in ferhaal yn foar de skriuwwedstryd fan 'e Romance Writers of New Zealand, en wûn dêrfoar de Clendon Award. Yn 2007 publisearre se har earste boek ûnder de titel Thief with No Shadow. Dat is in fantasyroman oer in froulike dief dy't sa goed yn har fak is om't se oer magy beskikt dy't har frijwol ûnsichtber makket. Hja bedarret lykwols djip 'e swierrichheden as hja besiket te stellen fan in man dy't mei syn hiemhûn prate kin. Foar Thief with No Shadow waard Gee twaris nominearre foar in prestizjeuze Amerikaanske RITA Award. Har twadde boek, The Laurentine Spy, oer in pear spionnen yn it hert fan it regearingssintrum fan in fijannich lân, brocht se út yn 2009. Dêrnei folge yn 2011 The Sentinel Mage, it earste diel fan har trilogy The Cursed Kingdoms, oer in wrâlddiel dêr't in flok op rêst dy't inkeld in ferballe prins ferbrekke kin. Yn 2014 kaam diel twa út, The Fire Prince, en yn 2015 it beslút: The Blood Curse.

Njonken har fantasywurk hat Gee ek ferskate romantyske histoaryske romans skreaun. Dêrfoar brûkte se earst it pseudonym Emily May, en ûnder dy namme brocht se trije boeken út. Doe't se lykwols fan útjouwer feroare, naam se ek in oar pseudonym oan, Emily Larkin (nei't men oannimme mei om't har eardere útjouwer rjochten op har earste pseudonym jilde liet). Neffens eigen sizzen hâldt Gee derfan om te lêzen, heuvels te beklimmen, yoga-oefenings te dwaan en om nei werhellings fan Buffy the Vampire Slayer te sjen. Hja wurket op 't heden (ein 2014) yn it Nasjonaal Park Fiordland, ien fan 'e skildereftichste, mar ek ôfhandichste dielen fan Nij-Seelân.

fantasy (as Emily Gee)
  • 2007 – Thief with No Shadow
  • 2009 – The Laurentine Spy
  • The Cursed Kingdoms-trilogy
    • 2011 – The Sentinel Mage
    • 2014 – The Fire Prince
    • 2015 – The Blood Curse
histoaryske romantyk
  • as Emily May
    • 2008 – The Earl's Dilemma
    • 2010 – The Unmasking of a Lady
    • 2010 – Beauty and the Scarred Hero
  • as Emily Larkin
    • 2013 – The Spinster's Secret
    • 2013 – The Countess's Groom

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar
2005 Clendon Award wûn bêste ferhaal ynstjoering skriuwwedstryd
2008 RITA Award nominearre bêste earste boek Thief with No Shadow
nominearre bêste roman mei sterke romantyske eleminten Thief with No Shadow

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: