End of All Hope is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish yn 2002 en útbrocht op it fjirde album fan Nightwish Century Child út 2002. End of All Hope wie it twadde nûmer op it album.

End of All Hope
algemiene ynformaasje
artyst Nightwish
album Century Child
taal Ingelsk
sjenre Metal
útbrocht 25 maaie 2002
opnommen Caverock en Finnvox studios
jannewaris - april 2002
doer 3:54
label Spinefarm
skriuwer Tuomas Holopainen
produsint Tero Kinnunen

Oer it nûmer

bewurkje seksje

End of All Hope waard skreaun troch Tuomas Holopainen. Op it momint dat er dat album en dit nûmer skreau en útbrocht, makke Holopainen ien fan syn tsjusterste mominten troch, wat net allinnich ta utering komt yn End of All Hope, mar yn alle teksten op it album Century Child, ymplisearjend as er it liet sitearret "No will to wake for this morning. To see another black rose born" dat alle hope yn syn libben foarby is, en dat der gjin reden is om troch te gean mei fjochtsjen. Mar dat hy hoopjen bliuwt op de mooglikheid om opnij berne te wurden.