Enter (doarp)
Enter (Nedersaksysk: Eanter) is in doarp yn de gemeente Wierden. yn de Nederlânske provinsje Oerisel, It doarp Enter hat 7.380 ynwenners (2023).
Enter | ||
Katolike tsjerke (2014) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Wierden | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 7.380 (2023) [1] | |
Oerflak | 27,29 km² dêrfan lân: 27,06 km² dêrfan wetter: 0,23 km² | |
Befolkingsticht. | 270 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | A1, N347 | |
Postkoade | 7468 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 17' NB, 6° 34' EL | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe beskreaune skiednis fan Enter giet werom oant yn de tolfde iuw, doe 't de namme Enter foar it earst yn de skriften foarkaam. Yn de midsiuwen bestie der in adellik geslacht Van Enthere. De lêste bekende telgen fan dit geslacht wiene Hermannus en Theodoricus fan Enthere, neamd yn in akte út 1308. De Van Entheres wiene wierskynlik lienmannen fan it kastiel fan Almelo. In lienregister fan de biskop fan Utert út 1382 praat oer in mooglik wenplak: de pleats it "Hermannishûs". Neitiid ferdwynt it geslacht Van Enthere út de skriften. It is lykwols tige oannimlik dat it dizze hearen wiene dy't de oarspronklike "H. Antonius Abt" stichte hawwe. In folle lettere ferzje hjirfan, út 1927, is noch hieltyd yn Enter te finen.
Oant 1811 foel Enter ûnder it doelfêste Kedingen en wie it ien fan de saneamde Rijssense kwartieren. Oare Rijssense kertieren wiene Hoge Hexel, Wierden, Rijssen, IJpelo, Rectum, Elsen, Notter en Zuna. Mei tank oan hannel en skipfeart groeide Enter út ta it grutste plak yn Kedingerland. It doel Kedingen wie ûnderdiel fan it Oversticht, in gebiet yn hannen fan de biskop fan Utert. Tusken 1811 en 1818 hearde Enter by de doe oprjochte gemeente Rijssen. Fan 1818 ôf makke Enter diel fan de gemeente Wierden en waard it kwa grutte ynhelle troch Wierden en Rijssen, dêr't de yndustrialisaasje yn de foarm fan fabriken in grutte befolkingsgroei brocht. Oant 1935 hie Enter in eigen treinstasjon oan it spoar fan Neede nei Hellendoorn.
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeEnter leit oan de A1 (Amsterdam - De Lutte) en oan de N347 (Rijssen - Goor).
Kultuer en Toerisme
bewurkje seksjeYn Enter is in Klomps - en Zompenmuseum en it pleatske fan Buisjan. Yn dat histoaryske boerehúske sitte in Aldheidskeamer mei ferskate eksposysjes. Flak by Museum Buisjan sit in oare bekende toeristyske attraksje: de grutste út ien stik hout makke klomp fan 'e wrâld.Simmerdeis wurdt der in pony- en hynstemerk holden. It ferline libbet by de jierlikse guozzemerk, de demonstraasjes klompmeitsjen en op de yn 2009 boude "Enterse waarf", in replika fan in histoaryske skipswerf dêr't ek in neiboude Enterske zomp te sjen falt. Op de "Waarf" is der in permaninte eksposysje mei as tema "Wetter yn Twinte". Ek binne fan hjir ôf rûnfearten te krijen mei in zomp oer de Regge.
-
De grutste klomp fan 'e wrâld: 403 sm lang, 171 sm breed en 169 sm heech
-
Herfoarme tsjerke (2006)
-
De Regge krekt bûten Enter (2007)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wierden | ||
---|---|---|
Doarp: Enter • Wierden | ||
Buorskippen: Enterbroek • Hoge Hexel • Huurne • De Kolonie • Het Loo • Notter • Rectum • IJpelo • Zuna | ||
Wetter: Regge • Twickelervaart • Entergraven | ||
· · |