Haadmenu iepenje

De Epifanykatedraal fan Jelochovo (Russysk: Богоявленский собор в Елохове) is in otterdokske katedraal yn de Russyske haadstêd Moskou. De hjoeddeiske katedraal waard foltôge yn 1845 en tsjinne tusken 1938 oant 1991 as haadkatedraal fan it Moskouse patriargaat.

Epifanykatedraal fan Jelochovo

Богоявленский собор в Елохове

Басманная улица. Елоховский собор. 3406-1.jpg
lokaasje
lân Flag of Russia.svg Ruslân
plak Flag of Moscow.svg Moskou
bysûnderheden
type bouwurk katedraal (Russysk-Otterdoksk)
boujier 1835-1845
arsjitekt Jevgraf Tjoerin
boustyl Let-klassisisme
oare ynformaasje
webside elohov.ru

De katedraal leit krekt wat eastlik fan it stedssintrum yn it stedsdiel Basmanny, net fier fan it metrostatsjon Baumanskaja.

Ynhâld

SkiednisBewurkje

De earste tsjerke op it plak fan de katedraal waard yn 1687 boud yn it doedestiidske doarp Jelochovo. Dit doarp wie it berteplak Basilius de Sillige, in bekende âldrussyske hillige. Oarspronklik wie de tsjerke fan hout. Sûnt 1712 droeg de tsjerke de namme Epifany. Yn 1731 waard de âlde houten tsjerke ferfongen troch in stiennen bouwurk mei in klokketoer. Dizze tsjerke hold it in goede iuw út en yn juny 1799 waard dêr de lettere dichter Aleksander Pûsjkin doopt.

Mei de ôfbraak fan dizze twadde tsjerke waard yn it jier 1731 begûn om plak te meitsjen foar in nije katedraal. It ûntwerp foar de nijbou wie ôfkomstich fan de doe noch relatyf ûnbekinde let-klassisistyske arsjitekt Jevgraf Tjoerin (1796–1872). De nije katedraal waard yn 1845 foltôge en in oktober fûn de wijing plak troch de Moskouse metropolyt Filaret.

In grutte ferbouwing fûn yn 1889 plak, doe't oan de tsjerke in nije refter oanboud waard. Yn 1912 brocht men yn de tsjerke nije muorrebeskilderingen oan en waard de ikonostase fergulde.

De katedraal yn de SovjettiidBewurkje

 
Ynterieur

Sûnt 1933 lei yn de omjouwing fan de katedraal de residinsje fan de otterdokske metropolyt en letter patriarch Sergius I. Om't de katedraal as ien fan de net folle tsjerken sparre waard en ûntkaam oan it systematyske ferwoastgjen fan tsjerken troch de bolsjewisten, waard de katedraal nei it opblazen fan de Kristus de Ferlosserkatedraal de haadtsjerke fan it Moskouse patriargaat. Oan dizze funksje is it te tankjen dat de katedraal ek yn de Sovjet-tiid net oan it ferfal priisjûn waard. Yn de jierren 1970 en 1980 folge in yngreven restauraasje fan it bouwurk. Sa waarden de ikonostase restaurearre en it ynterieur modernisearre.

De katedraal ferlear yn 1991 de bysûndere status fan patriarchaatstsjerke oan de Marije-Himelfeartskatedraal yn it Moskouske Kremlyn. Nei't de rekonstruksje fan de Kristus de Ferlosserkatedraal foltôge waard yn 2000, krige dy katedraal wer de status fan patriarchaatstsjerke en sûnt wurde dêr de wichtichste tsjerklike plechtichheden fierd.

ArsjitektuerBewurkje

Yn oerienstimming mei de tradysje fan de grutte russysk-otterdokske tsjerken bestiet it sintrale diel fan de tsjerke út fiif koepels. Dêrfan binne fjouwer lytsere koepels om ien grutte koepel groepearre, sa't de fjouwer evangelisten om Jezus hinne steane. Oan de westlike kant is in klokketoer fan fjouwer ferdjippings oanboud. Tusken de toer en de tsjerke leit de refter. De haadyngong is te herkennen oan in heech, bôgefoarmich portaal en leit yn it sintrale diel.

De fresko's yn de tsjerke en ûnder de koepel stelle foarstellings fan Russyske hilligen en út it Evangeelje foar. De ikonostase fan 18 meter heech stiet oan de eastlike kant en datearret út de ein fan de 19e iuw. De fersierings fan de ikonostase steane yn de tradysje fan de Russyske houtfykkeunst.

Yn de katedraal leit de hillichferklearre metropolyt Alexius begroeven. Ek patriarch Sergius I krige hjir syn lêste rêstplak. Op 5 desimber 2008 waard hjir Alexius II byset.

Keppeling om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part of alhiel in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis [1].