Epifanytsjerke (Sint-Petersburch)
De Epifanytsjerke (Russysk: Богоявленская церковь; Bogojavlenskaja tserkov), is in Russysk-otterdoks tsjerkegebou yn Sint-Petersburch oan 'e Dvinskaja Ulitsa op it Gûtûjevski-eilân.
Epifanytsjerke | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
plak | Sint-Petersburch | |
adres | Dvinskaja Ulitsa | |
koördinaten | 59° 54' N 30° 15' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vasili Antonovitsj Kosjakov | |
boujier | 1892—1899 | |
monumintale status | Monumint fan regionaal belang | |
monumintnûmer | 781510271210005 | |
Webside | ||
gutui.ru | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe likernôch 48 meter hege tsjerke waard út tankberens boud omdat tsarevitsj Nikolaj Aleksandrovitsj op 29 april 1891 by in oanslach troch in Japanske fanatikus yn 'e Japanske stêd Otsu oerlibbe hie en allinne wat ferwûne rekke.
Ynearsten wie besletten om in kapel te bouwen, mar de rike tekstylfabrikant Ivan Voronin makke jild frij foar de bou fan in tsjerke yn Russyske styl. Op de earste jierdei fan 'e mislearre oanslach op 'e tsarevitsj waard de earste stien lein foar de neffens in ûntwerp fan Vasili Antonovitsj Kosjakov boude tsjerke.
De foltôge Epifanytsjerke waard op 29 april 1899 troch metropolyt Antoni fan Sint-Petersburch ynwijd. It tsjerkegebou is ynspirearre op de Kristus-Ferlossertsjerke fan Borki.
Sovjet-tiid
bewurkje seksjeDe tsjerke waard yn maaie 1935 foar earetsjinsten sletten. De lêste preester waard dêrnei oppakt en deasketten. It rike ynterieur gie hielendal ferlern. Fan it moarmeren alter, de ivoaren ikonostaze en de fresko's dy't alle muorren oerdutsen bleau neat oer. Ek it gebou sels hie slim te lijen fan fernielings en ferwaarleazging. It bouwurk krige ferskillende funksjes lykas in grienteopslach, in sjippefabryk en in mortuarium. Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard de tsjerke ek noch ris troffen troch in slimme brân. Om 'e tsjerke stie in betonnen muorre.
Weriepening
bewurkje seksjeYn 1991 krige de Russysk-Otterdokse Tsjerke it brekfallige gebou werom. Op de otterdokse datum fan it Feest fan 'e Epifany waard op 19 jannewaris 1992 foar it earst wer in tsjinst opdroegen. Fuort dêrnei sette in grutte restauraasje útein. Op 4 maaie 1995 waard it krús wer op 'e grutte koepel set. Nei jierren restauraasjewurk waard de tsjerke wer yn syn âlde gloarje werombrocht. Ek it ynterieur is wer yn âlde steat werom brocht. Yn 2006 waard noch in skoulilke, betonnen muorre foar de tsjerke ôfbrutsen.
Replika's
bewurkje seksjeNeffens it ûntwerp fan 'e Epifanytsjerke yn Sint-Petersburch binne noch trije tsjerken boud:
- De Trije-ienheidskatedraal fan Blagovesjtsjensk, boud yn 'e jierren 1896-1902 en ferneatige yn 1936;
- de noch besteande Foarbeatsjerke yn it doarp Novoivanovskaja yn 'e kraj Krasnodar (1909-1912);
- de noch besteande Sofiakatedraal fan Harbin (1923-1932).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Богоявленская церковь (Санкт-Петербург)
|