Erik Bosgraaf
Erik Bosgraaf (Drachten, 9 maaie 1980) is in Nederlânsk blokfluitist en muzikolooch. Bosgraaf studearre yn 2005 ôf oan it Konservatoarium fan Amsterdam by Walter van Hauwe en Paul Leenhouts en krige yn 2006 de bul foar muzikology oan de Universiteit Utert.
Karriêre
bewurkje seksjeYn 2007 brocht er ûnder superfyzje fan muzikolooch Thiemo Wind in 3-CD-boks út mei muzyk fan de Nederlânske komponist Jacob van Eyck (1589-1657). De opname stie in hiel skoft op nûmer 1 yn de klassike charts yn Nederlân. Yn seizoen 2011-12 waard er troch Konsertgebou Amsterdam en Paleis voor Schone Kunsten, Brussel út namme fan de ECHO útsteld yn de Rising Stars-searje mei in toernee troch de wichtichste konsertsealen yn Europa te hâlden [bron?]. Yn 2005 foarme Bosgraaf mei Izhar Elias en de Italiaanske klavesinist Alessandro Pianu it ensemble Cordevento,[1] ynearsten om moderne en âlde muzyk yn ien programma byinoar te bringen. Fan 2007 ôf rjochtet it trio har benammen op muzyk út de 17e iuw, repertoire dat him faak op it brekflak fan de populêre en de keunstmuzyk tahâldt. In 2012 ferskynde it debútalbum ‘La Monarcha’ fan it trio. Yn 2008 makke Cordevento har debút as barokorkest yn inkelfâldige besetting. Yn dy formaasje rjochtet de groep har fral op 18e iuwsk repertoire. Yn 2009 kaam de debút-CD fan Bosgraaf mei dat barokorkest út mei de blokfluitkonserten fan Antonio Vivaldi. Yn 2011 ferskynde in CD mei transkripsjes fan blokfluitkonserten fan Johann Sebastian Bach.
Njonken de aktiviteiten yn de keamermuzyk spilet Erik Bosgraaf geregeldwei by symfony- en keamerorkesten. Hy wurket ûnder oaren mei it Dallas Symphony Orchestra[2] (Jaap van Zweden), Nederlânsk Keamerorkest (Gordan Nikolic), Residinsje Orkest[3] (Reinbert de Leeuw), , Holland Symfonia (Otto Tausk), it Noard-Nederlânsk Orkest (Johannes Leertouwer), Radio Keamer Orkest[4] (Thierry Fischer (Thierry Fischer, Andreas Delfs) en Sinfonia Rotterdam (Alessandro Crudele). Hij spilet fierder mei saksofonist Yuri Honing, elektro-free jazz groep POW Ensemble (mei Luc Houtkamp), Sean Bergin, Dig d’Diz, Mary Oliver (altfioele) en Rozemarie Heggen (kontrabas). Hy naam ek trije albums op mei rockband Echos Minor.
Sûnt 2002 wurket Bosgraaf op mei gitarist Izhar Elias as mei-inisjater fan teatrale multimedia projekten. Yn 2007 ferskynde harren CD/DVD Big Eye (Phenom Records). De lêste jierren wurkje Bosgraaf en Elias foaral mei filmmakkers Paul & Menno de Nooijer en lûdkeunstner Jorrit Tamminga. Fanwege de Iepen Universiteit ferskynde (2008) en yn opdracht fan Festival Boulevard/November Music makken se Jane in Concert (2010).
Yn 2008 naam Bosgraaf de komplete fantasijen foar fluitsolo fan de Dútske barokkomponist Georg Philipp Telemann en ek de Partita BWV 1013 fan Johann Sebastian Bach op en yn 2009 ferskynden de komplete blokfluitsonates fan Georg Friedrich Händel mei klavesinist Francesco Corti. Novimber 2011 wie er artist-in-residence fan it ynternasjonale Van Wassenaer Festival en foar seizoen 2011-13 wie er artist-in-residence fan de Toanseal, De Bosk. Erik Bosgraaf is as dosint ferbûn oan it Konservatoarium fan Amsterdam.
Prizen
bewurkje seksjeYn 2009 wûn Erik Bosgraaf de Londenske Borletti-Buitoni Trust Award [5]. Yn 2009 waard him tegearre mei Izhar Elias de Grachtenfestivalprijs takend [6] . Yn 2011 krige er de heechste steatsûnderskieding foar muzyk, de Nederlânske Muzykpriis [7]. Fierder wûn er it Gouden Viooltje foar muzikaal talint út Noard-Nederlân [8].
Diskografy
bewurkje seksje- ‘Adriana. Her Portrait, Her Life, Her Music’ (2023) book by musicologist Thiemo Wind with 31 songs
- Le Plaintif, Frânske barokmuzyk (Brilliant Classics, 95694), 2020
- Loevendie and Bosgraaf: Nachklang - Reflex - Dance - Improvisations (Brilliant Classics 95906), 2018
- Telemann: The Trio Sonatas for Recorder, Violin & Basso Continuo (Berlin Classics 0301006BC), 2017
- Ernst Reijseger: Walking Out, soundtrack for the movie by Andrew & Alex Smith (Winter & Winter), 2017
- Telemann: The Double Concertos with Recorder, Cordevento (Brilliant Classics 95249), 2016
- Telemann: Complete Suites and Concertos for Recorder, Cordevento (Brilliant Classics 95248), 2016
- Ernst Reijseger: Salt & Fire, soundtrack for the movie by Werner Herzog (Winter & Winter, 2016)
- Willem Jeths: Recorder Concerto (Challenge Records CC 72693), 2015
- Telemann: The Recorder Sonatas (Brilliant Classics 95247), 2015
- Pierre Boulez, Tamminga/Bosgraaf: Dialogues, Dialogues de l'ombre double (Brilliant Classics 94842), 2015
- Vivaldi: The Four Seasons, Cordevento (Brilliant Classics 94637), 2013, re-release on LP 2015
- Hotel Terminus, met Saxophonist Yuri Honing (Brilliant Classics 9418), 2013
- La Monarcha, 17th centrury music from the Spanish territories, Cordevento (Brilliant Classics, 94252), 2012
- Bach: Concerti, Cordevento (Brilliant Classics 94296), 2011
- Vivaldi: Recorder Concertos, Cordevento (Brilliant Classics 93804), 2009
- Handel: The Recorder Sonatas (Brilliant Classics 93792), 2008
- Telemann: Twelve Fantasias, Bach: Partita (Brilliant Classics 93757), 2008
- Van Eyck: Der Fluyten Lust-hof (3-CD-set, Brilliant Classics 93391), 2007
- Big Eye, movies & music (CD & DVD, Phenom Records PH0713), 2007
Keppelings om utens
bewurkje seksjeAppearance in film music by Ernst Reijseger:
- Werner Herzog: Salt_and_Fire (premiered in Shanghai, 2016): https://www.imdb.com/title/tt4441150/
- Alex & Andrew Smith: Walking_Out (2017): https://www.imdb.com/title/tt5420886/?ref_=fn_al_tt_1
- Werner Herzog: Nomad: in the footsteps of Bruce Chatwin (premiered in New York, 2019): https://www.imdb.com/title/tt10011296/?ref_=nv_sr_1?ref_=nv_sr_1
- Werner Herzog: Family Romance, LLC (premiered in Cannes, 2019): https://www.imdb.com/title/tt10208194/