De eroatyske film is in sjenre fan films dat karakterisearre wurdt troch ferhaallinen dy't in eroatyske kwaliteit hawwe en dêrom seksuele opwining oproppe by de sjogger (of alteast bedoeld binne om dat te dwaan). It kin ek gean om in filosofyske beskôging oer de estetyk fan seksuele langstme, sensualiteit en romantyske leafde. Hoewol't sênes wêryn't seks plakfynt yn films fan in protte sjenres foarkomme, wurdt de seks yn eroatyske films iepentliker (en faak bleater) yn byld brocht en spilet it ek in wichtiger rol. Der bestiet in dúdlik ûnderskie tusken de eroatyske film en hurde pornografy, mei't de seks yn eroatyske films simulearre is (inkele kontroversjele útsûnderings lykas Last Tango in Paris bûten beskôging litten). De eroatyske film ûnderskiedt him fan sêfte pornografy, wêrby't de seks ek neibeard wurdt, trochdat de plot net allinne mar om seks draait en trochdat de cast net út pornoakteurs bestiet mar út filmakteurs, dy't gauris al ferneamd binne.

Inkele foarbylden fan eroatyske films binne: Turks Fruit (1973) mei Rutger Hauer en Monique van de Ven; 9½ Weeks (1986) mei Kim Basinger en Mickey Rourke; Basic Instinct (1992) mei Michael Douglas en Sharon Stone; Color of Night (1994) mei Bruce Willis en Jane March; Wild Things (1998) mei Neve Campbell, Denise Richards, Matt Dillon en Kevin Bacon; Eyes Wide Shut (1999) mei Tom Cruise en Nicole Kidman; Fifty Shades of Grey (2015) mei Dakota Johnson en Jamie Dornan; en Knock Knock (2015) mei Keanu Reeves, Ana de Armas en Lorenza Izzo.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.