Esther de Boer-Van Rijk
Esther de Boer-Van Rijk (Rotterdam, 29 july 1853 - Amsterdam, 7 septimber 1937)[1] wie in Nederlânsk toanielspylster.
Esther de Boer-Van Rijk | ||
akteur | ||
Esther de Boer-van Rijk | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 29 july 1853 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 7 septimber 1937 | |
stjerplak | Amsterdam | |
jierren aktyf | 1873-1937 | |
offisjele webside | ||
(in) IMDb-profyl |
Sy wie in dochter fan administrateur Moses van Rijk en de naaister Adriana Wolfhart. Yn 1881 boaske se oan de musikus Henri de Boer; sy krigen ien bern, Sophie de Vries-De Boer, dy't ek aktrise waard en yn 1944 fermoarde waard yn Auschwitz.
Biografy
bewurkje seksjeEsther van Rijk sette al betiid útein mei spyljen by amateurferienigs. Hoewol't har âlden lang besocht hawwe it tsjin te hâlden, makke se yn 1873 dochs de oerstap nei it profesjonele toaniel. Se debutearre yn Rotterdam mei in rol yn Emma Berthold fan Jacob Jan Cremer. Yn 1881 ferhuze se nei Amsterdam. By de Nederlandsche Toneel Vereeniging en de opfolger dêrfan De Toneelvereeniging waard se de sintrale figuer fan de toanielstikken fan Herman Heijermans, fral as de fiskerswiddo 'Kniertje' yn Op Hoop van Zegen (1900). Dy rol hat se 1200 kear spile. Teffens die se mei yn de ferfilmingen fan Op Hoop van Zegen yn 1918 en 1934. Yn hast alle stikken fan Heijermans spile hja by de premiêre en tal fan kearen dêrnei.
Nei't De Toneelvereeniging opheft wie waard se de publyklûker fan toanielselskippen mei har namme: yn 1924 waard it Gezelschap Esther de Boer-Van Rijk oprjochte en yn 1933 it De Boer-Van Rijk Ensemble. Dêrnjonken hat se yn alle wichtige selskippen fan har tiid spile, ek yn it bûtenlân. Yn in Londenske opfiering makke se in soad yndruk as Kniertje, wylst se dy rol yn it Nederlânsk spile (yn in fierders Ingelskstalige cast). De Boer har populêren wie grut, mei omdat har spyljen bydroegen hie oan it opheffen fan misstannen (bygelyks yn de fiskerij) dy't in sosjaal belutsen Heijermans yn syn stikken op it aljemint brocht. Neffens kritisy wie hja by steat en jou sels oan sentimintele rollen yn drakerige toanielstikken in kearn fan earnst en wiers mei.
By gelegenheid fan har 70e jierdei beneamde de gemeente Amsterdam har yn 1923 ta 'burgeres van verdienste' en krige hja in sulveren earemedalje. Yn 1928 waard se Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau en yn 1929 Ridder in de Kroanoarder fan België.
It Joadsk Histoarysk Museum presintearre in tentoanstelling oer har libben fan 19 maaie 2014 oant en mei 28 septimber 2014, mei de titel Hollands populairste actrice. Esther de Boer-Van Rijk.[2]
-
Esther de Boer-Van Rijk in 1916.
Lito fan Albert Hahn -
As 'Eva Bonheur'
-
Tankwurd fan frou De Boer-Van Rijk yn it Polygoonsjoernaal yn 1936
Literatuer
bewurkje seksje- M.J. Brusse: Esther de Boer-Van Rijk. Vijftig jaar tooneelspeelster. Haar herinneringen. Rotterdam, 1923
- Esther de Boer-van Rijk: Ik kijk terug. Episodes uit mijn leven. Amsterdam, 1934
- Joosje Lakmaker: Esther de Boer-Van Rijk. Hollands populairste actrice. Wereldbibliotheek, Amsterdam, 2014. ISBN 9789028425514
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |