Europapa
Europapa is in nûmer dat oarspronklik opnaam is yn 2024 troch Joost Klein. It nûmer waard útbrocht op 29 febrewaris fan dat jier foar it Eurofyzjesjongfestival, dêr't Joost Nederlân fertsjintwurdige. Op 9 maart 2024 stie Klein yn de heale finale fan it sjongfestival en pleatste him foar de finale, mar as gefolch fan in ynsidint krekt foar in repetysje foar de finale waard Joost Klein diskwalifisearre.[1]
Europapa | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Europapa – Outro | |
artyst | Joost Klein | |
taal | Nederlânsk | |
sjenre | gabberpop Eurodance | |
útbrocht | 29 febrewaris 2024 | |
opnommen | Ein 2023 | |
doer | 2:40 | |
label | Albino Sports | |
skriuwer | Ski Aggu, Donnie, Paul Elstak, Tantu Beats, Thijmen Melissant, Tim Haars | |
produsint | Paul Elstak, Tantu Beats | |
fideoclip | ||
Joost Klein - Europapa - Netherlands 🇳🇱 - Official Music Video - Eurovision 2024 | ||
resultaten | ||
hitlisten | Ultratop 50 Flanders - 1 Ultratop 50 Walonia - 31 Tracklisten - 36 GfK - 13 Ö3 Austria - 5 UK Singles - 37 Suomen virallinen lista - 2 IFPI - 6 IRMA - 22 Plötutíðindi - 6 Billboard - 3 LAIPA - 1 AGATA - 1 Billboard - 7 Top 40 - 1, Single Top 100 - 1, RMNZ - 17 VG-lista - 17 Streaming Top 100 - 14 AFP - 79 Singles Digitál Top 100 - 43 PROMUSICAE - 60 Sverigetopplistan - 4 Schweizer Hitparade - 12 Singles Digitál Top 100 - 33 |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeEuropapa is skreaun troch Joost Klein, Donnie, Paul Elstak, Tantu Beats, Thijmen Melissant en Tim Haars. It nûmer waard produsearre troch Tantu Beats en Paul Elstak.
De tekst fan it liet, dy't foar in part songen, rapt en foar in part sprutsen wurd, is benammen Nederlânsktalich, mar befettet dêrneist ek inkelde sinnen yn ’t Ingelsk en it Dútsk, en in pear wurden Frânsk en Italjaansk.
Nei alle gedachten is it liet sawol in oade oan Europa, as oan de âlden fan Klein, dy't er yn syn jonge jierren ferlear. De ik-figuer yn de tekst is in weesbern dat troch Europa reizget om himsels te ûntdekken en om oan oaren syn ferhaal te fertellen. Ferskate lannen en stêden passearje dêrby de revu. Klein besjongt en passant de foardielen fan iepen grinzen binnen de Europeeske Schengensône. Yn it slot fan it stik sit it boadskip dat Klein yn syn opfieding fan syn heit meikrigen hawwe soe: de wrâld hat gjin grinzen.
De muzyk by it liet, is in direkte ferwizing nei de jierren 90 en de gabberkultuer fan dy tiid. De styl fan it nûmer is in mjuks fan gabberpop, nederpop en Eurodance. Op likernôch twatredde fan it liet ropt Tim Haars, yn syn rol as "Gerrie van Boven" út telefyzje- en filmsearje New Kids, de regel "Welkom in Europa, jongûh". Dêrnei giet it liet oer nei in happy hardcore-beat fan Paul Elstak.
Oer de fideoklip
bewurkje seksjeDe fideoklip, dy't op 29 febrewaris 2024 tagelyk mei de premjêre fan it liet útbrocht waard, is makke troch Véras Fawaz en deryn binne, njonken Klein, ferskate BN'ers te sjen, lykas âld-songfestivaldielnimmers S10 en René Froger, mar ek Emma Wortelboer, Donnie, Martijn van Eijzeren, better bekend as Stuntkabouter, Appie Mussa, Gover Meit en Paul Elstak.
Parten fan de fideo binne opnaam mei op de eftergrûn de Braakmolen yn it Noardhollânske doarp Etersheim. Dêrneist binne der ûnder mear K-pop-dûnseressen, in ferwizing nei it lêste jûnsmiel en in Scootmobylrace te sjen. Yn de fideoklip hat Klein in blau pak oan mei grutte punten op 'e skouders, as ferwizing nei de Europeeske flagge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |