Evrim Akyigit
Evrim Akyigit (útspr.: ['ɛvrim 'ɑkjiɡit], likernôch: "evrym akjigyt"; Izmir, 31 jannewaris 1977) is in Turksk-Nederlânsk aktrise fan etnysk Turksk komôf. Se is fral bekend wurden troch har rol yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen.
Evrim Akyigit | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Evrim Akyigit | |
nasjonaliteit | Nederlânsk Turksk | |
berne | 31 jannewaris 1977 | |
berteplak | Izmir (Turkije) | |
etnisiteit | Turksk | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeAkyigit waard yn 1977 berne yn 'e Turkske stêd Izmir, mar emigrearre yn 1982, doe't se fiif jier wie, mei har âlden nei Nederlân, dêr't se opgroeide.
Nei't se de HAFU ôfmakke hie, waard Akyigit foar twa seizoenen cast yn in rol as learlinge oan 'e middelbere skoalle yn 'e tillefyzjesearje Fort Alpha. Neitiid hie se noch in pear lytse roltsjes by Teleac en yn it programma In de Praktijk, foar't se har ynskriuwe liet oan 'e toanielskoalle yn Arnhim.
Doe't se yn juny 2004 har diploma helle hie, waard Akyigit al rillegau frege om it Turkske personaazje Elif Özal te spyljen, yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen. Dy rol ferfolle hja oant 2007. Ek wie Akyigit te sjen yn 'e NCRV-rige Levenslied.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |