Ekseterboek
It Ekseterboek, yn it Ingelsk: Exeter Book, en ek bekend ûnder de Latynske namme Codex Exoniensis, is in tsiende-iuwske samling fan Aldingelske poëzij, en ien fan mar fjouwer fan sokke samlingen dy't oerlevere binne. Teffens is it de grutste fan dy fjouwer. It is neamd nei de Súdingelske stêd Ekseter, greefskip Devon, en wurdt bewarre yn 'e Librije fan 'e Katedraal fan Ekseter (ûnder de oantsjutting MS 3501). Dêr is it al sûnt 1050, doe't it oan 'e librije kado dien waard troch Leofric, de earste biskop fan Ekseter. Nei alle gedachten hie it oarspronklik 131 siden, mar de earste acht dêrfan binne op in net neier oantsjutber stuit ferlern gien en ferfongen troch acht oare siden.
It is net persiis dúdlik wannear't it Ekseterboek datearre wurde moat, mar it wie perfoarst ien fan 'e wurken dy't yn 'e tsiende iuw it ljocht seagen ûnder de grutte weroplibbing fan 'e Aldingelske literatuer ûnder ynfloed fan 'e geastlike oarder fan 'e benediktinen. Yn 'e regel giet men derfan út dat it skreaun is yn 'e perioade tusken 960 en 990.
Behalven gedichten befettet it Ekseterboek ek mear as njoggentich riedlingen, dy't skreaun binne yn 'e Angelsaksyske styl en kwa ûnderwerp útinoar rinne fan it godstsjinstich oant it wrâldsk. Guon binne dûbelsinnich op it skabeljeuze ôf, lykas riedling 25:
Aldingelske tekst | Fryske oersetting |
---|---|
Ic eom wunderlicu wiht wifum on hyhte |
Ik bin in treftich skepsel foar froulju yn ferwachting |
Antwurd: in sipel. |
Ynhâld fan it Ekseterboek
bewurkje seksje- Christ I
- Christ II
- Christ III
- Guthlac A
- Guthlac B
- Azarias
- The Phoenix
- Juliana
- The Wanderer
- Fryske oersetting: De Balling (fert. Klaas Bruinsma, 1987)
- The Gifts of Men
- Precepts
- The Seafarer
- Fryske oersetting: De Seeman (fert. Klaas Bruinsma, 1986)
- Vainglory
- Widsith
- The Fortunes of Men
- Maxims I
- The Order of the World
- The Rhyming Poem
- The Panther
- The Whale
- The Partridge
- Soul and Body II
- Deor
- Wulf and Eadwacer
- riedlingen 1-59
- The Wife's Lament
- The Judgment Day I
- Resignation
- The Descent into Hell
- Alms-Giving
- Pharaoh
- The Lord’s Prayer I
- Homiletic Fragment II
- riedling 30b
- riedling 60
- The Husband's Message
- The Ruin
- riedlingen 61-95
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |