De Balling
De Balling, yn it oarspronklike Aldingelsk: The Wanderer, is in anonym Midsiuwsk gedicht dat oerlevere is yn it Ekseterboek, ien fan fjouwer bewarre bleaune manuskripten fan Angelsaksyske poëzij. It bestiet út 115 alliterative fersregels, en ferhellet oer in âld kriger dy't om utens doarmet en weromsjocht op syn libben. Oer de datearring fan The Wanderer rinne de mienings útinoar; wylst guon saakkundigen tinke oan 'e tiid dat de Angelsaksen ta it kristendom bekeard waarden, omtrint 600, datearje oaren it yn 'e lette njoggende of iere tsiende iuw. It is yn elts gefal âlder as it Ekseterboek, dat gearstald waard tusken 960 en 990. De Fryske oersetting fan Klaas Bruinsma waard publisearre yn 1987.
De Balling | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Wanderer | |
auteur | anonimus | |
taal | Aldingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
skreaun | ±600-950 | |
bondel | Exeter Book | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Balling | |
publikaasje | 1987, yn HJIR | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt gedicht bringt de meditaasjes oer fan in ienlike balling oangeande syn ferline as in kriger, syn hjoeddeiske ûntbearings en de wearden fan ferdraachsumens en betrouwen yn God. De balling wurdt eardstapa neamd (r. 6a), wat yn 'e regel oerset wurdt nei modern Ingelsk mei wanderer ("omdoarmer"). Hy swalket oer de seeën en libbet yn iensumens om utens as in balling. Oantinkens oan 'e tiid dat er noch hearde ta in krigerstroep yn 'e tsjinst fan in hear komme him yn 't sin, hoe't er oan it miel siet mei syn kammeraten, en hoe't er rynske geskinken út 'e hân fan syn hear oannaam. Lykwols, it lot (wyrd) kearde him tsjin him, en syn hear, famyljeleden en freonen kamen om yn 'e striid wylst hy allinnich oerlibbe en yn ballingskip dreaun waard. Dêrop folget in libbene beskriuwing fan 'e iensumens en it langstme dat de balling fielt nei de blierkjende dagen fan alearen.
De Balling bestiet út trije ûnderskate dielen of fazen. De ferteller set útein as de anhoga ("ienlike man"), wêrby't er de dea fan syn maten en de begraffenis fan syn hear beskriuwt. Dêrnei rekket er modcearig ("fertwifele"), en hellet er oantinzen op oan foarbye ûntbearings. Uteinlik wurdt er snotter on mod ("wiis fan tinzen"), en komt er ta it besef dat it libben fol fan brekme en lijen is en dat soks bûten it berik fan 'e minske leit yn it domein fan God. As de balling op syn libben weromsjocht, kin er it fan in beskate distânsje besjen, dy't syn persoanlik ferlies en fertriet ûntstiget. Yn dat opsjoch is De Balling in wysheidsgedicht. It ferfal fan ierdske gloarje wurdt fierders as ûnûntkearber beskôge, en kontrastearret mei it tema fan 'e ivigens fan 'e rêding troch it leauwe yn God. It gedicht einiget mei in oprop om jins betrouwen yn God te stellen. (Guon saakkundigen sjogge dat lêste trouwens as in lettere tafoeging, mei't de rest fan De Balling foar Midsiuwske begripen frijwol sekulier neamd wurde kin.)
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan The Wanderer ferskynde yn 1987 yn it tydskrift HJIR, ûnder de titel De Balling, mei in ynformative ynlieding fan 'e oersetter. Dy oersetter wie Klaas Bruinsma, dy't letter benammentlik bekend wurden is troch syn ferfrysking fan Homêros syn Ilias en Odyssee en in hiele rige Aldgrykske toanielstikken fan skriuwers as Sofokles, Aiskylos, Euripides en Aristofanes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
sekundêre literatuer:
|