FRGAST, artystenamme fan Jacob van der Meulen, (Ingwierrum, 28 april 1987), is in Fryske rapper.

Hy is yn de jierren 90 mei hiphop yn oanrekking komd, en rapt al sûnt 1999. Pas 10 jier letter hat er de stap setten om it poadium te beklimmen. Dat kaam troch it hiphopfeest "Broodje Beef", dat organisearre waard troch "RG" (Rients Gercama) út Damwâld. Sûnt it winnen fan de Fryske Flow, tegearre mei de rapper RG, is hy drokker dwaande mei't rappen yn 't Frysk, wylst dit yn 't begjin earst begûn mei't sankjes neidwaan fan rappers út de Feriene Steaten. Ek nei't beheljen fan de F.F kaam FRGAST by 'Bavianenvoer' telâne fia it Hip-Hop barren 'Halte Oentsjerk'.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: