De Fryske Flow is in kompetysje foar Frysk hiphoptalint. It wurdt sûnt 2009 organisearre troch Froeks.TV. De teksten moatte hielendal of diels yn it Frysk of in Frysk dialekt wêze.

Ut de dielnimmers dy't harren opjûn hawwe wurdt in kar makke. De dielnimmers nimme dêrnei op lokaasje in eigen fideoklip op mei in kameraploech fan Froeks.TV. De filmkes binne te sjen op de site fan Froeks.TV. dêr't ek in stimming by is foar de publykspriis. De heechsten fan de list geane troch nei de finale fan de Fryske Flow yn poppoadium Iduna.

De winner krijt de kâns om in profesjonele fideoklip meitsje te litten en mei optrede op it 3VOOR12-poadium op it befrijiingsfestival Fryslân. Boppedat folget in optreden by de radiostjoerder Kink FM.

RG en FRGAST wûnen de Flow yn 2009, yn 2010 wie der gjin Flow.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: