Iduna (Drachten)
Iduna is een poppoadium yn Drachten. De grutte seal hat in kapasiteit fan 600 persoanen. Iduna is ien fan de 39 Nederlânse kearnpoadiums en ûnderdiel fan wolwêzensorganisaasje 'Maatschappelijke Onderneming Smallingerland' (M.O.S.). Iduna sit oan de Oliemolenstraat 16 yn Drachten.
Iduna | ||
bouwurk | ||
Iduna yn 2020 | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Oliemolenstraat 16 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Poppoadium | |
boujier | net bekend | |
oare ynformaasje | ||
kapasiteit | Grutte seal: 600 Lytse seal: 150 Oefenromtes | |
offisjele webside | ||
Webside Iduna |
Yn 2014 wie der in ferbou en útwreiding fan it gebou.
Skiednis
bewurkje seksjeIduna sette útein yn maart 1983 yn in lytse pleats oan de Noarderdwersfeart yn Drachten; it wie doe in jongereinsintrum. De funksje fan Iduna wie destiids moetingssintrum foar de jongerein, mei frijwilligers en meiwurkers dy't út de jongerenproblematyk wei tochten. Tsien jier letter ferhuze Iduna nei de Oliemolenstraat. Iduna ûntjoech him dêr hieltyd mear ta in poppoadium mei in ferskaat oan aktiviteiten.[1]
Sûnt de jierren 2000 binne der alle jierren mear as 50 produksjes fan nasjonale en ynternasjonale artysten. It oanbod is breed: teater, film en fansels muzyk yn allerhanne stilen. Teffens kin de sealen foar eigen produksjes hierd wurde; der binne twa oefenromtes foar begjinnende bands en dj's en der is in ytkafee.[1]
Eveneminten
bewurkje seksjeYn 2009 organisearre Iduna syn earste bûtendoarfestival, 'Dencity'. Dat wie op it Kiryat Onoplein. Letter ek op oare lokaasjes en fan 2012 ôf yn it Thalenpark, dat efter it poppoadium leit. Yn de rin fan de jierren hat Iduna ek 'Popcity' en de 'Jûn fan Peije' ûntwikkele.[2]
Yn de rin fan de tiid hawwe in protte bekende bands yn Iduna optreden. Yn de resinte skiednis wiene dat ûnder oaren Bill Wyman (eks-Rolling Stone), Ignite, Kayak, New Cool Collective, Pioneers of Love, The Adicts, Van Dik Hout en Vanderbuyst.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|