Falinsia (autonome mienskip)
autonome mienskip fan Spanje
(Trochferwiisd fan Falensia (regio))
De autonome mienskip Falinsia (Spaansk en Falinsiaansk: Valencia) is ien fan de 17 Spaanske regio's, en is as sadanich oprjochte yn 1982. De haadstêd is Falinsia. Yn it Spaansk is de namme fan de regio folút Comunidad Valenciana, en yn it Falinsiaansk (de regionaal foarm fan it Katalaansk) Comunitat Valenciana Yn it noardeasten grinzet de regio oan Kataloanje, yn it noardwesten oan Aragon, yn it westen oan Kastylje-La Mansja en yn it suden oan Mursia.
Falinsia Valencia | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Lokaasje yn Spanje | |
Algemien | |
Haadstêd | Falinsia |
Oerflakte | 23.255 |
Befolking | 4.692.449 |
Befolkingstichtens | 201,78 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | |
Provinsjes |
Klimaat
bewurkje seksjeDe regio leit oan de Middellânske See. Troch de ynfloed fan de see is it klimaat ek frij myld neffens regio's as Madrid dy't fierder it lân yn lizze. De lange strannen en de sinne lûke alle jierren dan ek in soad toeristen.
Bestjoerlike yndieling
bewurkje seksjeDe regio Falinsia is ûnderferparte yn trije provinsjes:
Provinsje | Befolking | Haadstêd | Ynwenners |
---|---|---|---|
Alicante | 1.732.389 | Alicante | 319.380 |
Castellón | 543.435 | Castellón de la Plana | 167.455 |
Falinsia | 2.416.628 | Falinsia | 807.396 |
Totaal | 4.692.449 |
autonome mienskippen fan Spanje | ||
---|---|---|
Andalûsje • Aragon • Astuerje • Baleären • Baskelân • Ekstremadoera • Falinsia • Galysje • Kanaryske Eilannen • Kantaabrje • Kastylje en Leön • Kastylje-La Mansja • Kataloanje • Madrid • Moersia • Navarra • La Riocha | ||
autonome stêden fan Spanje | ||
Ceuta • Melilla | ||
· · |