Famyljetoertocht Raerderhim
(Trochferwiisd fan Famyljetoertocht Rauwerderhem)
De Famyljetoertocht Raerderhim is in reedriderstocht yn de gemeente Boarnsterhim oer 15-20-25 km, ôfhinklik fan de rûte en de doarpen dy't oandien wurde kinne. De toertocht wurdt organisearre troch IJ.W.C. Rauwerderhem en giet gruttendiels oer de Snitser Aldfeart nei de doarpen dy't mei fearten dêrmei ferbûn binne (û.o. Dearsum, Tersoal, Sibrandabuorren, Raerd, Poppenwier en Tersoalstersyl. De tocht waard hâlden op 17 febrewaris 2010 oer 15 kilometer en op 8 febrewaris 2012 oer 20 kilometer.