Ewsum (laach)

(Trochferwiisd fan Fan Ewsum)

Ewsum (ek Fan Ewsum) is in skaai fan jonkers dat in grutte rol spile hat yn de skiednis fan de provinsje Grinslân. Yn de lette midsiuwen hearden de Fan Ewsums tegearre mei de geslachten Manninga, Assinga en Ripperda ta de wichtichste geslachten yn de Ommelannen.

It wapen fan Ewsum op in gevelstien (Grinzer Museum)
It stamwapen

De âldste fermelding fan de famylje Van Ewsum, doe stavere as Ewesma, datearret út 1371. De bekende leden fan de famylje binne yn dy perioade sawol yn Grinslân as yn Drinte haadling. It earste lid fan de famylje dat formeel ta de adel heart is Onno fan Ewsum dy't healwei de fyftjinde iuw fanwegen fertsjinsten yn it Hillige Lân riddere wurdt.

De namme Fan Ewsum is yn it bysûnder ferbûn oan twa boargen yn Grinslân, wêrûnder de boarch Ewsum yn Middelstum. Oft dy boarch jilde kin as stamslot fan it laach is nammers net dúdlik.

De wichtichste boarch yn de skiednis fan it geslacht wie Nienoord yn it Westerkertier. Wigbold fan Ewsum liet dy boarch bouwe yn it begjin fan de sechstjinde iuw as basis foar syn ûndernimming om yn dit gebiet op kommersjele wize turf te winnen. Syn ûndernimming brocht him lykwols hast ta in bankerot.