De Tsjerke fan Fanefjord (Deensk: Fanefjord Kirke) is in 12e-iuwske tsjerke op it eilân Møn yn Denemark en de jongste fan de midsiuwske tsjerken op it eilân.

Tsjerke fan Fanefjord

Fanefjord Kirke

Lokaasje
lân flagge fan Denemark Denemark
regio Sjælland
gemeente Vordingborg
plak Fanefjord
adres Fanefjord Kirkevej 1, 4792 Askeby
koördinaten 54° 59'N 12° 9'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Deenske Folkstsjerke
bisdom Roskilde
Arsjitektuer
boujier 13e iuw
boustyl Romanogotyk
Webside
Side Fanefjord Kirke
Kaart
Fanefjord Kirke (Denemark)
Fanefjord Kirke

Beskriuwing bewurkje seksje

De fan kleastermoppen boude tsjerke is ferneamd fanwegen de muorrebeskilderings en bestiet út in skip, in westlike toer en in noardlik portaal. It westlike diel fan it sân meter hege skip datearret út de twadde helte fan de 13e iuw. De hjoeddeiske krúsferwulften stamme út de lette jierren 1400 en it op it skip oanslutende koer út it begjin fan de 16e iuw. De rûnbôgefinsters stamme nei alle gedachten fan de renovaasje yn 1724.

 
Ferwulft

De tsjerke waard yn 1825 oankocht troch it lângoed Klintholm en bleau hast in iuw yn it besit fan it lângoed.

In heale kilometer súdlik fan de tsjerke leit de saneamde Grønjægers Høj ('heuvel fan de griene jager') of Grønsalen, ien fan de grutste neolityske grêfmonuminten fan Denemark.

Ynrjochting bewurkje seksje

De preekstoel is fan itselde type as dy fan de Tsjerke fan Elmelunde en is nei alle gedachten om en de by 1645 makke troch deselde houtfiker. It doopfont is letromaansk (1175-1275) en makke fan reade en wite Gotlânske sânstien. De kûp fan it doopfont is fjouwerblêdfoarmich, wylst de foet de foarm hat fan fjouwer gearstalde pylders.

Fresko's bewurkje seksje

Iuwenlang bleane de muorreskilderings fan de tsjerke ûnder in kalklaach. Under lieding fan E. Lind fan it Nasjonale Museum kamen se tusken 1932 en 1934 wer foar it ljocht. Yn 2009 ûndergyngen de muorreskilderings in restauraasje.

De muorreskilderings stamme út likernôch 1350 en de 16e iuw. De koerbôge waard yn de 14e iuw dekorearre mei sirkels en dêryn de simboalen fan de fjouwer evangelisten, Sint-Kristoffel en Sint-Joaris. Yn it begjin fan de 16e iuw, noch foar de reformaasje, fersierden de master fan Elmelund en syn feinten de tsjerke mei op de Biblia Pauperum ynspirearre Bibelske foarstellings.

Ofbylden bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Deensktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: da:Fanefjord Kirke