Fantastic Fest
Fantastic Fest (Ingelsk foar "Fantastysk Festival") is filmfestival yn 'e Feriene Steaten dat elts jier yn septimber holden wurdt yn Austin, de haadstêd fan Teksas. It evenemint bestiet sûnt 2005 en leit him ta op films fan sjenrefiksje, lykas horrorfilms, science fiction-films, fantasyfilms, aksjefilms, de Aziatyske sinema en cultfilms. Fantastic Fest wurdt organisearre troch de bioskoopkeatling Alama Drafthouse Cinema en de webside Ain't It Cool News.
Fantastic Fest | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Teksas | |
county | Travis County | |
plak | Austin (Teksas) | |
tiid fan it jier | septimber | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | sjenrefiksje | |
bestean | 2005 – no | |
org. troch | Alamo Drafthouse Cinema Ain't It Cool News | |
offisjele webside | ||
fantasticfest.com |
Beskriuwing
bewurkje seksjeFantastic Fest waard yn 2005 oprjochte troch Tim League fan Alamo Drafthouse Cinema, Harry Knowles fan Ain't It Cool News, Paul Alvarado-Dykstra en senarioskriuwer Tim McCanlies. It achtdeiske filmfestival wurdt sûnt holden yn it Alamo Drafthouse South Lamar, dêr't it gebrûk makket fan acht filmsealen. In opfallend ûnderdiel fan it festival wurdt foarme troch de saneamde 'geheime fertoanings', wêrby't it publyk yn 't foar net net wit hokker film oft it om giet.
Njonken filmfertoanings omfettet Fantastic Fest ek moetings mei akteurs, regisseurs en senarioskriuwers, fan wa't guon bekend binne en oaren (noch) net. Sûnt 2007 hat Fantastic Fest in foaroansteande posysje ferovere mank de filmfestivals yn 'e Feriene Steaten.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side. |