Farmers Defence Force

Farmers Defence Force is in Nederlânske organisaasje dy't opkomt foar de belangen fan boeren.

Stifting Farmers Defence Force
Stichting Farmers Defence Force
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. belangeferiening
wurkmêd lânbou
haadkertier Donkerbroek
oprjochte 2019
aktyf yn Nederlân en om utens
offisjele webside
www.farmersdefenceforce.nl

De organisaasje waard yn maaie 2019 oprjochte. In besetting fan in bargestâl yn Boxtel troch diere-aktivisten late ta de oprjochting fan de organisaasje om boeren te helpen dy't "konfrontearre wurde troch eksessen fan miljeu-ekstremisten"[1]. Al gau waard it wurkmêd fan de organisaasje grutter en kom foar de belangen fan boeren op in grutter flak. De aktivistyske hâlding waard tekenjend foar de organisaasje, en it waard yn fan de liedende organisaasjes fan de boereprotesten yn 2019. De organisaasje twivelet oer de rekkenmetoades fan de RIVM oangeande it útstjitten fan stikstof troch de lânbou[2].

Der ûntstie ek argewaasje omtrint de organisaasje, nei't foarsitter Mark van den Oever it behanneljen fan de boeren troch de Nederlânske oerheid ferlike mei de Joadeferfolging yn de Twadde Wrâldkriich[3]. Op 5 febrewaris 2020 die de organisaasje in útspraak oangeande it petear dat it kabinet hie mei keatlingpartijen út de fleis-, suvel- en foersektor. De organisaasje neamde dat "ferrie" en "Judas" en dat skeaten minister-presidint Mark Rutte en lânbouminister Carola Schouten yn it ferkearde kielgat en stelden harren gearkomste mei it Lânbou-Kollektyf oer de stikstofkrisis út. De organisaasje bea in dei letter syn ekskús oan[4].

Op 20 april 2021 wûn FDF in rjochtsaak tsjin de Steat fan 'e Nederlannen en de publike omropferiening AVROTROS, nei't dy yn it programma Opsporing Verzocht de organisaasje ûnrjochtlik yn ferbân brocht hie mei brânstiftings foaroangeande in demonstraasje yn Bilthoven.[5]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: