FeanFan Supportersklub

(Trochferwiisd fan Feanfan Supportersklub)

De FeanFan Supportersklub is ien fan de twa offisjele supportersferienings fan SK It Hearrenfean, de oare is Nij Noard. De feriening is stifte yn 1981. Yn de earste jierren fan syn bestean soarge de supportersklup allinnich foar de busreizen nei útwedstriden. Mar yn in letter stadium kaam der ek it útjaan fan it supportersblêd by: FeanFan. Ek is de FeanFan Supportersklub ferantwurdlik foar it organisearjen fan de ferkiezing fan Spiler fan it Jier.

Sûnt it fuotbalseizoen 2005/2006 hat de feriening syn eigen fak oan de súdkant fan it Abe Lenstra Stadion.

Keppeling om ûtens bewurkje seksje