Feartsicht wie in state oan de Dokkumer Trekfeart yn Aldwâld. De state waard boud om 1775 hinne en hie in brede oprydleane nei de tagong fan it hûs. Boppe de kelders hie it gebou mar ien ferdjipping en oan beide kanten wie in oanboude fleugel.

Feartsicht

It lângoed waard oan de ein fan de 18e iuw stifte troch Lucia Catharina fan Scheltinga, widdo fan Hector Livius fan Heemstra dy't yn 1783 ferstoarn wie en syn Fogelsanghstate yn Feankleaster neilitten hie oan syn dochter Cecilia Johanna. Lucia wenne op Feartsicht oant har dea yn 1818, wêrnei't Catharina Louise Antoinette Anna baronesse du Tour van Bellinchave, de widdo fan Martinus fan Scheltinga it erfde en der mei har beide dochters wenne. Beide dochters trouwe op Feartzicht: Cecilia Johanna mei Louis Gaspard Adrien greve fan Limburg Stirum en Constantia Wilhelmina mei Hans Willem baron fan Aylva van Pallandt, hear fan Waardenburg en Neerijnen. Cecilia en Louis bleaunen nei harren houlik by mem op Feartsicht wenjen, want harren 7 bern waarden yn dit hûs berne. Nei it ferstjerren fan Catharina du Tour van Bellichave op 27 novimber 1837 bleaunen se noch in skoft yn it hûs wenjen oant se har yn 1840 op Nijenburgh fêstigen. Dêrnei waard it hûs bewenne (hierd) troch mr. J.J. Bolman en letter troch mr. B. Hopperus Buma. Yn de lêste jierren foar de ôfbraak waard it hûs troch Otto Ernst Gelder greve fan Limburg Stirum brûkt as simmerferbliuw. Doe't it hûs yn hannen kaam fan “Baron fan Pallandt”, syn foarnammen wurde der net by fermelden mar hy sil grif boppeneamde Hans Willem of dy syn soan west hawwe, hat dy it yn de simmer fan 1877 op ôfbraak ferkocht.

Eigeners en bewenners
  • <1818 Lucia Catharina van Scheltinga
  • 1818 – 1837 Catharina L.A.A. baronesse du Tour van Bellinchave
  • 1837 – 1840 Louis Gaspard Adrien graaf fan Limburg Stirum
  • 1840 - ? mr. J.J. Bolman
  • mr. B. Hopperus Buma
  • Otto Ernst Gelder greve fan Limburg Stirum
  • Baron van Pallandt