Fenna Kalma
Feikje Anna Kalma (Haskerhoarne, 21 novimber 1999) is in Fryske fuotbalster.
Feikje Anna Kalma | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Feikje Anna Kalma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 21 novimber 1999 | |
berteplak | Haskerhoarne | |
etnisiteit | Frysk | |
klupskiednis | ||
rêchnûmer | 19 | |
posysje | Oanfalster | |
jeugdteams | ||
-2011 2011-2014 2014-2016 |
Aldehaske FF It Hearrenfean CTO Amsterdam | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
2016-2019 2019-2023 2023- |
SC It Hearrenfean FC Twinte Wolfsburg |
51(37) 75(83) 0(0) |
nasjonaal team | ||
2022- | Nederlân | 5(1) |
Jonkheit
bewurkje seksjeFenna Kalma waard op 21 novimber 1999 berne yn it Fryske Haskerhoarne. Op de Fryske fjilden begûn Kalma foar it earst mei fuotbaljen by vv Oudehaske. By de lytse amateurklup spile se tegearre mei de jonges. Har talint tusken de jonges foel gelyk op. Dêrnei gong sy nei vv Heerenveen om dêr by de jeugd te spyljen. Doe’t sy 14 jier wie gong sy nei Amsterdam om te fuotbaljen by CTO Amsterdam. Sy is opgroeid mei har heit en mem en ien broerke.
Bân mei har heit
bewurkje seksjeYn 2020 stoar har heit op in fakânsje yn Switserlân, dat wie in grutte klap foar Fenna. By eltse goal dy’t sy makket sjocht se efkes nei boppe en stekt sy twa fingers yn de loft.
Karriêre
bewurkje seksjeFan 2016 ôf krige Fenna in kontrakt by SC Heerenveen froulju dêr’t sy 51 wedstriden fuotballe hat en 37 kear skoarde. Yn 2019 keas Fenna foar FC Twente. Sy spile 75 wedstryden foar de klub en makke en 83 doelpunten. Yn de simmer fan 2023 gie Fenna nei it bûtenlân. Se sil spylje foar Wolfsburg yn Dútslân. Yntusken hat Kalma dêr 13 kear spile en 2 goals makke.
Fenna mocht yn 2015 foar it earst it shirt fan Oranje oanlûke by Oranje ûnder de 16. Op 2 septimber 2022 debutearre se by de oranjeliuwinnen by de oefenynterlân tsjin Skotlân en makke dêrby har earste doelpunt. Dêrnei hat se noch 4 ynterlânwedstriden spile, mar fierder gjin goals mear makke. Foar it wrâldkampioenskip 2023 waard Fenna net selektearre troch bûnscoach Andries Jonker. Dat wie foar in soad minsken opfallend omdat se yn dat jier noch spiler fan it jier waard yn de Azerion earedifyzje.
Wurk en prizen
bewurkje seksje- Spylster fan it jier (2022-2023)
- Topskoarster fan it jier mei 30 goals (2022-2023)
- Lânskampioen - (2020-2021) (2021-2022)
- KNVB-beker (2022-2023)
- Earedifyzjecup (2021-2022) (2022-2023)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|