SC It Hearrenfean (frouljusfuotbal)
Dizze side giet oer de frouljusfuotbal ploech fan SK It Hearrenfean. Sjoch SK It Hearrenfean foar it haadartikel oer dizze klup.
Sportklup It Hearrenfean | ||||||||||||||||||||||||||||
It Abe Lenstra Stadion | ||||||||||||||||||||||||||||
Oprjochte | 20 july 1920 | |||||||||||||||||||||||||||
Plak | It Hearrenfean | |||||||||||||||||||||||||||
Stadion | Sportpark Skoatterwâld | |||||||||||||||||||||||||||
Kapasiteit | - (500 oerdekte sitplakken) | |||||||||||||||||||||||||||
Foarsitter | ? | |||||||||||||||||||||||||||
Trener | Niklas Tarvajärvi | |||||||||||||||||||||||||||
Kompetysje | Earedifyzje | |||||||||||||||||||||||||||
|
Sportklup It Hearrenfean (SK It Hearrenfean) is in profesjonele fuotbalklup fan It Hearrenfean dy't sûnt 2007 ek meidocht oan de Froulju Earedifyzje. It Hearrenfean is ien fan de seis klups dy't sûnt it begjin fan de Froulju Earedifyzje aktyf is yn dizze kompetysje. Yn april 2011 makke de direksje lykwols bekend dat Hearrenfean ophâlde sil mei it frouljusfuotbal. Op dat beslút kaam de direksje letter wer werom, nei't der troch de spylsters genôch jild binnen helle wie.
Satellytklup
bewurkje seksjeLykas de oare earedifyzje klups hat ek It Hearrenfean in satellytklup, foar It Hearrenfean is dit Oranje Nassau, út Grins. De measte spilers fan SK It Hearrenfean komme by dizze klup wei. Dizze froulju spylje neist by It Hearrenfean ek by harren eigen ploech, meastal yn de haadklasse.
Dat systeem is opset om foar te kommen dat de haadklasse hielendal leech streame soe.
Skiednis
bewurkje seksjeAs earste trener fan de frouljusploech waard Harry Sinkgraven oansteld. De earste wedstriid dy't de frouljusploech spile wie ek de earste proffuotbalwedstriid foar froulju ea yn Nederlân. De wedstriid waard spile op woansdei 29 augustus 2007 tsjin FC Twinte yn de Grolsch Veste. It Hearrenfean wûn de wedstriid mei 2-3.
Nei dizze oerwinning folge der noch mear ien mear yn it seizoen 2007/2008. De froulju fan It Hearrenfean einigen it seizoen op it lêste (sechde) plak mei 11 punten út 20 wedstriden.
Yn it seizoen 2008/2009 waarden inkele spiler oernaam fan oare profklups. Op it stuit stiet de ploech sechde, wat ynhâld dat de ploech noch ien klup ûnder har hat.
It seizoen 2009/2010 begûn, nei it ôfheakjen fan Roda JC, wer mei seis ploegen. Hearrenfean einige wer op it sechde plak. Der waard fjouwer ris wûn, seis kear lyk spile en tsien kear ferlern. Yn 2009 waard Rick Mulder de trener fan de froulju, hy folgje dêrmei Harry Sinkgraven op.
Sylvia Smit waard wer topskoarder yn de kompetysje, dat seizoen dielde hja dat plak mei Chantal de Ridder fan AZ. Beide froulju skoarden alve kear.
Yn april 2011 makke de direksje fan Hearrenfean dat it ophâlde sil mei it frouljusfuotbal. De klup kaam ta dy konklúzje, omdat it finansjeel net mear helber wêze soe. De wankele finansjele basis fan it lanlike frouljusfuotbal wie ek in reden om der mei op te hâlden. Earder yn it seizoen hiene FC Utrecht en Willem II ek oanjûn om op hâlde te wollen mei de frouljusploech. It tal ploegen foar it seizoen 2011/2012 soe dan bestean út 5 ploegen en dat is ien te min.[1]
De spylsters leine har lykwols net del by de beslissing fan de direksje en hja kamen yn aksje om it frouljusfuotbal te behâlden op It Fean. De spylsters hawwe sponsers fûn dy't de kosten fan it frouljusfuotbal foar in part betelje wolle, it oare part wurdt betelle troch it KNVB. Sa waard it frouljusfuotbal behâlden en is de kâns dat de Earedifyzje foar froulju yn it seizoen 2011/2012 trochgiet, grutter wurden. [2] [3]
Yn it seizoen 2010/2011 einige de klup fjirde fan de acht klups, nei't Hearrenfean skoften op it earste plak stien hie. De bekerfinale waard wol helle, dêryn wie AZ de tsjinstanner. Hearrenfean koe AZ net ferslaan: AZ wie mei 2-0 te sterk.
Earste alvetal
bewurkje seksjeListen
bewurkje seksjeTopskutters
bewurkje seksje
Trainers
bewurkje seksjeIt Hearrenfean hat yn harren skiednis 42 trainers hân. Hjirûnder in list fan dizze trainers:
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|