Sherida Spitse
Sherida Spitse (bynamme: It Spitske; Snits, 29 maaie 1990) is in Frysk fuotbalster.
Sherida Spitse | ||
Sherida Spitse (2021) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Sherida Spitse | |
bynamme | It Spitske | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 29 maaie 1990 | |
berteplak | Snits | |
etnisiteit | Frysk | |
klupskiednis | ||
posysje | Middenfjilder | |
jeugdteams | ||
2004-2007 | Snits Wyt Swart | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
2007-2012 2012-2013 2014-2017 2017 2018-2020 2021- |
SC It Hearrenfean FC Twinte LSK Kvinner FK FC Twinte Vålerenga IF AFC Ajax |
100(13) 38(26) 65(16) 22(8) 60(13) 35(2) |
nasjonaal team | ||
2006- | Nederlân | 208(43) |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeBernetiid en oplieding
bewurkje seksjeDoe’t Sherida fiif wie rekke se foar it earst de fuotbal oan. Doe spile se by V.V. Sneek by de jonkjes as iennichst famke. Mar se moest fan har âlden earst har swimdiploma helje, sei se yn in ynterview mei it Jeugdjournaal. Se is begûn mei it fuotbaljen om’t it fuotbaljen yn har famylje siet. Op in stuit krige se dêr yn it jongesteam de oanfierdersbân om har earm. Oant har sechstjinde hat se by dy klub fuotballe.
Houlik en gesin
bewurkje seksjeSherida krige yn 2011 in relaasje mei Jolien van der Tuin. Yn 2018 troude se mei har, mei dy frou hat Sherida in soan Jens en in dochter mei de namme Mila. Beide bern ha de efternamme Spitse krigen. Har frou, Jolien, is befallen fan harren soan yn 2017. Se is yn 2020 befallen fan de dochter.
Oare wichtige perioade út har libben
bewurkje seksjeDoe't se 16 jier wie, yn 2006, debutearre se yn it Nederlânsk alvetal. Op dit stuit spilet se dêr noch altyd by: se is no oanfierder fan dat frouljusteam. Neidat se by VV Sneek spile is se ûntdutsen en hat se yn 2007 har debút makke by SC Hearrenfean. Dêr hat se oant 2012 fuotballe. Dêrnei hat se in transfer makke nei FC Twinte, se hie der in kontrakt tekene foar twa seizoenen. Yn 2014 is se nei it bûtenlân ta gien, de klub dêr ‘t se doe hinne gong is is LSK Kvinner FK yn de Toppserien. Dit is in topklub út Noarwegen. Mei dy klub had se trije kear de kompetysje wûn en trije kear de beker. Yn 2018 gie se wer nei FC Twinte, mar nei 1 jier is se wer nei Noarwegen gien om’t har âld-coach har wer opbelle. Yn stee fan de foarige Noarske klub gie se no by Vålerenga fuortbaljen. Dêr is se mei har team 2e wurden yn de kompetysje en hawwe se meidien oan de Champions League. Yn 2021 is se weromgien nei Nederlân en spilet se anno 2023 by Ajax.
Karriêre
bewurkje seksjeSherida Spitse hat fan 2006 ôf oant no altyd by de seleksje foar it Nederlânsk frouljusteam sitten. Underwilens hat se mear as 200 ynterlâns op har namme stean. Dat is in rekôr. Ek is se al meardere jierren oanfierder fan dat frouljusalvetal. Se is benammen bekend wurden as oanfierder fan it Nederlânsk alvetal dat yn 2017 Europeesk kampioen waard en by it WK dêrnei 2e waard.