Jan Schulting

Jan Schulting (Nij Beets, 13 jannewaris 1956) is in Fryske fuotballer en fuotbaltrainer.

Jan Schulting (2018)

Schulting fuotballe by de amateurs fan SC Emmeloard en Dijka Stienwyk en kaam yn it betelle fuotbal út foar SC It Hearrenfean oant 1988. Jan Schulting wennet op De Tynje. Syn dochter Suzanne Schulting is shorttrack- en langebaanriidster.

TrainerBewurkje

As trainer wurke Schulting by ûndersteande clubs:

Haadtrainer by V.V. Pelikaan-S 1. Dy ambisjeuze klup spilet yn it Grinslânske doarp Oostwold (Westerkertier) en is debutant yn de Sneon 1e klasse.