Ferbûn fan de trije stêden

It Ferbûn fan de trije stêden ("ferbûn fan de Tryn-stêden") wie in gearwurking tusken de Fetkeaperske stêden Ljouwert en Boalsert en it Skieringer Snits yn in tiidrek dat de partytsjinstellingen tydlik oan skerpte tebek rûnen. It ferbûn sette útein yn 1482 en waard foar fjouwer jier ôfsletten. Haaddoel fan it ferbûn wie oarder skeppe yn Eastergoa en Westergoa. Dêrta waard besletten om yn it machtsberik fan de trije stêden gjin rôf en brân en oar geweld te duldzjen.

It stêdenferbûn hie yn Westerlauwersk Fryslân in stabilisearjende wurking yn de fûleindige tiid fan de partijstriid.

Yn augustus 1486 waard in nij ferbûn sletten, dêr't ek Frjentsjer har by oanslette. Lykwols hâlde dizze nije stêdenuny net lang stân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Oebele Vries, Het Heilige Roomske Rijk en de Friese vrijheid, Leeuwarden-De Tille, 1986.