Ferdrach fan Grins
It Ferdrach fan Grins is it bûn dat op 25 april 1444 sletten waard tusken de stêd Grins en it Fryske Eastergoa, mei it doel it rjocht te hanthavenjen en it hâlden fan mienskiplike gearkomsten te regeljen. Der waard ôfsprutsen dat der alle jierren twa warven (fergaderingen) hâlden wurde soene, ien yn Grins en ien op in oar gaadlik plak. It ferdrach befette ek de ferplichting fan de meidoggers om Westergoa oer te heljen him by it ferbûn oan te sluten.
It ferdrach fan Grins is ien fan de protte skriftlike oerienkomsten út it tiidrek fan de Fryske Frijheid, in perioade sûnder feodale strukturen dy't makke dat rjochsregels net ôftwongen wurde koene, dat sines die ta it ûntstean fan slim skeel yn de Fryslannen. Mei ôfspraken en ferdraggen besochten de Friezen de rjochtshanthaving te ferbetterjen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|