Soen fan Grins

(Trochferwiisd fan Frede fan Grins)

De Soen fan Grins of Frede fan Grins, sletten op 1 febrewaris 1422, wie in fredesferdrach dêr't it skeel tusken de Skieringers, dy't op dat stuit stipe waarden troch de greve fan Hollân, Jan fan Beieren, en de Fetkeapers, stipe troch Okko II tom Brok en de stêd Grins, tydlik by besljochte waard.

De greven fan Hollân meitsje al iuwenlang oanspraak op de hearlikheid oer Fryslân. Fryslân soe harren yn lien jûn wêze troch de Dútske keizer. Dêrby ferstiene hja ûnder Fryslân net allinne de hjoeddeistige provinsje Fryslân, mar teminsten ek de Ommelannen yn Grinslân.

Oan de ein fan de 14e iuw ûntwikkelen harren ek in Fryslân saneamde partijrûzjes. Beide partijen, yn Fryslân en Grinslân bekend as Skieringers en Fetkeapers, kenne mar amper in fêste gearstalling, stipe waard maklik ferliend, mar krekt sa maklik ek wer ynlutsen. Wat de oanlieding foar de oplôgjende striid presys west hat, is dreech te efterheljen.

Yn de ûnrêst dy't dêrfan it gefolch wie seach Albrecht fan Beieren in goede mooglikheid om syn rjochten yn Fryslân te effektuearjen. Tagelyk ûntstie yn East-Fryslân de kern fan lânseigen greefskip mei de opkomst fan it geslacht To Broke. Ek dy seagen mooglikheden yn de ûnrêst. It gefolch wie dat Fryslân en Grinslân it striidtoaniel waarden fan felle rûzjes tusken hieltyd wikseljende koalysjes. Ta in dúdlike oerwinning fan ien fan de beide partijen kaam it lykwols net.

Mei it fredesferdrach kaam der foarearst in ein oan de striid. Yn it ferdrach wurdt de De Lauwers neamd as westgrins fan it gebiet dêr't de hearlikheid fan Jan fan Beieren troch Tom Broke oer erkend wurdt. Dêrnei bleau it yn de Ommelannen relatyf rêstich, yn Fryslân bewesten de Lauwers lôge de striid al gau wer yn alle fûlens op.