Feriening tsjin de Kwaksalverij
De Feriening tsjin de Kwaksalverij, ôfkoarte VtdK, is in Nederlânske feriening dy't de bestriding fan de kwaksalverij op genêskundich, farmaseutysk en oanbesibbe gebiet ta doel stelt. De feriening waard op 1 jannewaris 1881 oprjochte troch de bruorren G.W. Bruinsma en V.J. Bruinsma en is dêrmei de âldste skeptyske organisaasje fan de wrâld.
Feriening tsjin de Kwaksalverij Vereniging tegen de Kwakzalverij | ||
Logo VtdK | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | VtdK | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
oprjochte | 1 jannewaris 1881 | |
oprjochter | G.W. Bruinsma V.J. Bruinsma | |
tal leden | mear as 2000 (2011) | |
offisjele webside | ||
kwakzalverij.nl |
doelstelling
bewurkje seksjeDe feriening bestriidt alle medyske en paramedyske hannelwizen dy't net wittenskiplik ûnderboud binne. Dat binne hannelwizen "dy't net fundearre binne op toetsbere logyske as wol empirysk[1] hâldbere hypotezen en teoryen" en/of "dy't aktyf ûnder it publyk ferspraat wurde, sûnder dat it hifkjen op effektiviteit en feiligens plakfûn hat binnen de beropsgroep", mei de tafoeging dat "de term "kwaksalver" of "kwaksalverij" net needsaaklik in beskuldiging fan kweade trou of oplichting ynhâldt."
Fierder stelt de feriening him as doel om it tapassen fan alternative genêswizen troch dokters te bestriden. It tapassen fan ûnbewiisd terapyen troch dokters neamt de feriening "medyske kwaksalverij". Dit lêste achtet de feriening noch kwealiker as kwaksalverij troch net-dokters, om't dokters in medyske en wittenskiplike oplieding folge hawwe, wêrtroch't se better yn steat wêze moatte soene om wurksume fan net-wurksume terapyen te ûnderskieden as immen dy't gjin dokter is.
It lidmaatskip stiet iepen foar elkenien dy 't de doelstelling fan de feriening ûnderskriuwt. It is net foarbehâlden oan de beropsgroep fan dokters en apotekers. De Feriening tsjin de Kwaksalverij ûntfangt gjin oerheidssubsydzje.
Aktiviteiten fan de feriening
bewurkje seksjetydskrift
bewurkje seksjeDe feriening joech syn earste blêd út op 15 jannewaris 1881 ûnder de namme Maandblad tegen de Kwakzalverij. Yn dit moanneblêd publisearre de feriening ûnder oare de resultaten fan gemyske analyzes op patintmiddels dy't de feriening wist te ûnderskeppen. It blêd waard ferspraat ûnder leden, en boppedat fergees beskikber steld oan bygelyks iepenbiere biblioteken, wachtkeamers en plysjeamtners. Letter waard it blêd útjûn ûnder de namme Actieblad tegen de Kwakzalverij. Sûnt 2003 hjit it Nederlands Tijdschrift tegen de Kwakzalverij.
Kwaksalverij
bewurkje seksjeDe VtdK hat in tal oanwizingen formulearre, dêr 't út sjen kin dat der sprake is fan kwaksalverij. De wichtichste sinjalen binne de folgjende:
- Reklame op radio, telefyzje en yn net medysk-wittenskiplike blêden, lykas hûs-oan-hûsblêden, wêrby't benammen de wurking fan de middels oanpriizge wurdt. Foar reguliere medisinen wurdt ek reklame makke, mar is rjochte op in bepaald merk. De wurking op himsels wurdt yn dizze reklames net mei klam neamd omdat dy fêststiet. Kwaksalvers rjochtsje har krekt wol op de wurking sels.
- It gebrûk fan saneamde "reklamepasjinten". Reklamepasjinten binne tefreden brûkers fan it middel dy't yn advertinsjes fertelle dat in middel harren bot holpen hat.
- It middel wurket foar in grut tal ûnrelatearre kwalen.
- It middel seit wûnders ta.
- It middel is makke neffens in geheim reseptuer of de wurking wurdt net ferklearre.
- Der wurdt beklamme dat it middel of de metoade al hiel lang en/of troch in hiel soad minsken brûkt wurdt.
- Der bestiet wjerstân tsjin it middel of de metoade yn de medyske wittenskip.
- It middel wurket op basis fan enerzjy, trillingen, fibraasjes, aura's ensafuorthinne.
It oanwêzich wêzen fan ien of mear fan dizze sinjalen betsjut fansels net dat it fêststiet dat der sprake is fan kwaksalverij, mar it fergruttet al de kâns dat it om kwaksalverij giet. Oarsom kin der sprake wêze fan kwaksalverij sûnder dat dizze sinjalen der binne.
Sympoasium en Master Kackadorispriis
bewurkje seksjeDe feriening hâldt alle jierren in sympoasium dat tagonklik is foar sawol leden as ynteressearren, wêryn't it har wurksumheden en it nijs fan it ôfrûne jier bepraat. De rest fan it sympoasium wurdt bestege oan lêzingen en/of diskusjes troch dokters, wittenskiplik ûndersikers of politisy.
Oan it begjin fan elts sympoasium rikt de VtdK de Master Kackadorispriis út, oan dy persoan of ynstânsje dy't dat jier, neffens de feriening, de kwaksalverij tige befoardere hat. It giet dêrby útdruklik net om minsken dy't sels kwaksalverij beoefenje, mar om dy persoanen of ynstellingen dy't kwaksalverij befoarderje wylst fan harren it tsjinoerstelde ferwachte wurde meie soe.
Bruorren Bruinsma Earepinning
bewurkje seksjeDe feriening rikt sûnt 2005 de Bruorren Bruinsma Earepinning út oan in persoan of ynstelling dy't him bysûnder fertsjinstlik makke hat foar de bestriding fan de kwaksalverij. De pinning is neamd nei de oprjochters fan de VtdK, Gerardus en Vitus Bruinsma.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Wikipedy:NL
|