Master Kackadorispriis

De Master Kackadorispriis is de priis dy't de Feriening tsjin de Kwaksalverij[1] sûnt 2003 ien kear yn 't jier útrikt oan dy persoan of ynstânsje dy 't dat jier, neffens de feriening, de kwaksalverij tige befoardere hat. It giet dêrby útdruklik net om minsken dy 't sels kwaksalverij beoefenje, mar om dy persoanen of ynstellingen dy 't kwaksalverij befoarderje wylst fan harren it tsjinoerstelde ferwachte wurde meie soe.

De feriening makket earst in list mei nominearren bekend, en dêrnei de winner. Elkenien mei persoanen, bedriuwen of ynstânsjes oandrage foar de priis. De feriening beoardielet wa 't nominearre wurdt en wa 't de priis wint. De winner krijt de gelegenheid ta in wjerwurd dat ek publisearre wurdt yn it tydskrift fan de Feriening tsjin de Kwaksalverij.

De namme fan de priis is ûntliend oan de kwaksalver Kackadoris, dy 't in haadrol spilet yn it rederikerstafelspul Meester Kackadoris, ende een doof-wijf met ayeren fan Filips fan Marnix fan Sint-Aldegonde (1ste publikaasje 1596, [2][3] nijprintinge út 1631).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: