Fermanje fan Sappemeer

De Fermanje fan Sappemeer is in tsjerkegebou oan 'e Noorderstraat 53 yn it Grinslânske Sappemeer.

Fermanje
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plak Sappemeer
adres Noorderstraat 53
koördinaten 53° 09' N 6° 46' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Minnisten
Arsjitektuer
boujier 1846
boustyl Neoklassisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 460740
Webside
Mennistegemeente Sappemeer
Kaart
Fermanje fan Sappemeer (Grinslân)
Fermanje fan Sappemeer

De tsjerke waard op 1846 yn gebrûk nommen en boud yn in ienfâldige neoklassisistyske styl. Yn 2020 waard de tsjerke restaurearre en geskikt makke foar multyfunksjoneel gebrûk.[1]

 
Oargel

De tsjerke besit in monumintaal oargel fan Gerhard Willem Lohman út Grins. It waard yn 1855 as twamanualich ynstrumint mei oanhongen pedaal boud. Fjouwer jier letter waarden mooglik troch deselde oargelbouwer in pear registers tafoege. Petrus van Oeckelen feroare de disposysje fan it ynstrumint yn 1866 en wreide it út mei in frij pedaal. Dêrby waard de oargelkas in stik breder makke. Yn 'e jierren 1930 feroare De Koff it oargel. Sûnt 1983 restaurearre Mense Ruiter it oargel fasearre werom nei de sitewaasje fan 1866.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: