Feroaring fan Lucht

Feroaring fan Lucht is in skelmeroman fan Rink van der Velde út 1971. Haadpersoan is de singeliere húshâlding fan Durk Lugtigheid, alias Durk Snoad.

De wente oan de Sânleane, Beetstersweach

Durk Snoad wennet mei syn frou Foekje en harren bern yn in ûnbewenber ferklearre helte fan in dûbele wente oan’e Sânleane by it brechje oer it Alddjip by Beetstersweach. Hja krije hieltyd mear ferlet fan romte, omdat de húshâlding oanboazet ta wol tolve bern. Hja meitsje dêrom fan de âlde hoale wente. De skriuwer dy’t by it fertellen fan it ferhaal mei humor en irony oan de lêzer oan it begjin fan elk haadstik it hâlden en dragen fan Durk besiket te ferklearjen. Durk is in frij man dy’t ticht by de natuer libbet en fierders it minskdom mar rabje lit. Moarns betiid hâldt Durk appèl om wat sicht te hâlden op alle bern en harren hâlden en dragen.
Dizze frijheid bestiet benammen út it fangen fan mollen (foar de feltsjes), it fangen fan skiere iel en it fangen fan wyld yn de gebieten fan minsken dy’t jachtrjochten hawwe. Tsjinstanner fan Durk is dêrom ek Feike Dam de boskwachter. Feike is in man dy’t it benypte gesach fertsjintwurdiget dat der op út om oaren harren frijheid te misgunnen. Yn tsjinst by de husaren hat Durk fan ritmaster Van Schaik in soad leard oer hoe’t de wrâld eins wêze moat. Mar de wrâld leit der wat dat oangiet yn dizze tiid hiel oars hinne.
Der wurdt Durk oansein dat er net langer oan de Sânleane wenje mei omdat it hûs der ôf sil. Hy siket stipe by de boargemaster, dy’t him altyd oansprekt mei ‘Sijne Doorluchtigheid’. Al kin er goed mei boargemaster, it draait der dochs op út dat de famylje ferhuzet nei Drachten, dêr’t Durk by Philips wurkje sil. Harren net-oanpaste gedrach jout yn de stêd in soad swierrichheden. Durk hat op’t lêst sa’n langst nei syn frijheid dat er mei soan Willem, de ienige fan syn bern dy’t nei him útskaait, op in nacht wer nei de Sânleane ta giet. Bijke de hûn giet fansels ek mei. Tegearre fange se in soad iel, dat it foldocht harren poerbêst. Ien dei foardat it hûs oan de Sânleane plat sil, lade se harren húsrie op’e wein en gean wer yn de âld hoale wenjen. It foldocht sa skoan dat Foekje samar wer 'yn ’e bloei' stiet. In wûnder, mar sa’t Durk altyd seit: 'wy hawwe it altyd graach dwaan mocht en de feroaring fan lucht hat ús goed dien'.