Fersetsbeweging

(Trochferwiisd fan Fersetsstrider)

In fersetsbeweging, fersetsgroep, wjerstânsbeweging of befrijingsorganisaasje is in organisearre krewearjen fan alteast in diel fan 'e boargerlike befolking fan in lân of gebiet om wjerstân te bieden oan:

Sokke groepearrings meitsje gebrûk fan in breed skala oan taktiken, fan it hâlden fan freedsume demontraasjes fia it goaien fan stiennen nei de soldaten fan 'e besettende macht of de diktatuer en it útfieren fan sabotaazje-aksjes, it dwaan fan moardoanslaggen en bomoanslaggen oant it begjinnen fan in guerrilja-oarloch. Troch de besettende macht of de diktatuer wurde fersetsbewegings hast altyd weiset as terroristen.

Oangeande de wetlikens fan wapene fersetsbewegings ûnder it ynternasjonaal rjocht bestiet al sûnt teminsten 1899 ûnienichheid. Yn dat jier waard foar it earst besocht it oarlochsrjocht te kodifisearjen en waard yn it foarwurd fan 'e Twadde Haachske Konvinsje de Martensklausule yntrodusearre by wize fan kompromis tusken de grutmachten, dy't fersetslju as ûnwettige kombatanten beskôgen dy't nei finzenname stânrjochtlik eksekutearre wurde mochten, en in groep lytsere lannen dy't folhold dat sokken as wettige kombatanten beskôge wurde moasten, wat harren by finzenname deselde rjochten jaan soe as kriichsfinzen militêren. Yn it saneamde Protokol I, in tafoeging út 1977 oan 'e Sjenêfske Konvinsjes, wurdt yn Kêst 1, Paragraaf 4 ferwiisd nei wapene konflikten "[…] wêryn't folken fjochtsje tsjin koloniale oerhearsking en bûtenlânske besetting en tsjin rasistyske rezjyms […]". Dy omskriuwing lit safolle dingen ûndúdlik dat er úteinlik neat bydraacht oan 'e fraach oft in lid fan in fersetsbeweging in legitime strider is of net.

Foarbylden fan fersetsbewegings binne it Nederlânske ferset en oare fersetsorganisaasjes yn 'e Twadde Wrâldoarloch (1939-1945), de milysjes fan 'e Trettjin Koloanjes yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch (1775-1783), de Ynjers yn it Grutte Oproer yn Britsk-Ynje (1857), de Vietcong yn Súd-Fjetnam ûnder de Fjetnamoarloch (1955-1965), de Afgaanske mûdjahediin ûnder de Russyske besetting fan Afganistan (1979-1989), it Kosovaarsk Befrijingsleger (UÇK) yn Kosovo (1998-1999), de PLO en Hamas yn Palestina en de PKK yn Turksk-Koerdistan.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en General References, op dizze side.