Fersoargingsplak Bloksloot
Fersoargingsplak Bloksloot is in fersoargingsplak oan de A7 Saandam-Bad Nieuweschans yn it gedielte De Jouwer-Snits tusken ôfrit 23 en de Prinses Margriettunnel yn de gemeente Skarsterlân.
Benoarden it fersoargingsplak leit in dykje mei de namme Bloksleat.
It fersoargingsplak hat in tankstasjon fan Tinq. Tinq is in dochterûndernimming fan Gulf.
Dit fersoargingsplak leit presys op de NAP-nulline. Yn 2005 hat it Nederlânsk Bureau foar Toerisme & Kongressen, yn de mande mei de ANWB en de Ministearjes fan Ferkear en Wettersteat en Underwiis, Kultuer en Wittenskip by alle fersoargingsplakken dy't op dizze nulline lizze in ynformaasjeboerd te setten om sa dizze line sichtber te meitsjen foar it publyk.