Dea-akte
In dea-akte of akte fan ferstjerren is in akte dêr't it ferstjerren fan in persoan neffens de wet yn fêstlein is.
As immen stoarn is oan in natuerlike deadsoarsaak, wurdt troch in behanneljend dokter of troch in gemeentlik lykskôger in ferklearring fan ferstjerren ôfjûn. Elkenien dy't op 'e hichte is fan in ferstjerren mei dêrfan oanjefte dwaan op it gemeentehûs. Meast is dat de begraffenisfersoarger. By de oanjefte wurdt de ferstjerferklearring ynlevere. Oan de hân fan de oanjefte wurdt de akte fan ferstjerren opmakke. Dat bart troch in amtner fan de boargerlike stân fan de gemeente dêr't de persoan ferstoarn is.
Yn de dea-akte steane ûnder oaren de namme en it adres fan de ferstoarne persoan, syn berteplak, it plak, de datum fan ferstjerren en de gegevens fan de oanjouwer fan it ferstjerren. As it in natuerlike dea is moat binnen fiif wurkdagen doanjefte dien wurde by de gemeente. Dat kin fergees, mar it kin wêze dat foar it krijen fan in ôfskrift fan de akte fan ferstjerren sels wol kosten yn rekken brocht wurde. De amtner sil ek in 'ferlof ta beïerdiging of kremaasje' ôfjaan, dêr't in útfeart mei tastien wurdt. Is der sprake fan in net-natuerlike deadsoarsaak dan wurdt dy pas ôfjûn nei frijjefte troch de offisier fan justysje, dy 't dêrta in 'ferklearring fan gjin beswier' nei de gemeente stjoert.
De amtner fan de boargerlike stân jout dy gegevens dêrnei troch oan:
- de gemeentlike basisadministrasje dêr't de ferstoarne ynskreaun stiet
- de belestingtsjinst, ôfdieling Registraasje en Suksessy mei opjefte fan it skriuwadres fan de neibesteanden
- de Provinsjale Intadministraasje (yn gefal fan ferstjerren fan bern)
As in dea-akte mear as 50 jier lyn opmakke is, dan wurdt dy oerdroegen oan it gemeente-argyf.
Ofskrift
bewurkje seksjeIn ôfskrift of úttreksel fan in dea-akte is in skriftlik bewiis fan it ferstjerren fan in persoan en de ynskriuwing dêrfan by de boargerlike stân.
In úttreksel of ôfskrift fan in dea-akten kin nedich wêze foar it iepenjen fan in testamint, foar it oanfreegjen fan it pinsjoen foar de neibesteande houlikspartner of om bygelyks finansjele belangen fan de ferstoarne ôf te hanneljen. De partner fan de ferstoarne dy't in nij houlik of registrearre partnerskip oangean wol, hat ek in ôfskrift fan de ferstjerakten nedich.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|