Fetch (mytysk wêzen)
In fetch (út it Ingelsk; útspr.: [feʧ], likernôch: "fetsj") is mytysk wêzen út 'e folkloare fan Ierlân. Yn 'e measte gefallen liket sa'n wêzen in dûbelgonger te wêzen, wêrfan't it gewaar wurden jins dea oankundiget. Neffens folkloristen John en Michael Banim betsjut de ferskining fan in fetch yn 'e moarntiid (ynstee fan yn 'e jûn) lykwols dat men in lang libben temjitte sjen kin. De etymologyske oarsprong fan 'e term fetch is ûndúdlik. De term betsjut yn it Ingelsk ek "ophelje(n)", wat tsjutte kinne soe op in saneamde psychopompos, in geast dy't by it ferstjerren de siel fan 'e ferstoarne ophellet (sa't de term fetch yn 'e oersetting út 1583 troch Richard Stanyhurst fan 'e Aeneis brûkt wurdt). Oer it komôf fan it wurd hawwe taalkundigen it noch net iens wurde kinnen. Guon tinke oan in Ierske oarsprong, wylst oaren hawwe wolle dat it wurd oarspronklik út it Aldingelsk wei yn it Iersk-Ingelsk bedarre is. In trêde mooglikheid soe in ferbastering fan it Aldnoarske fylgja wêze, mei't de Wytsingen yn 'e Iere Midsiuwen grutte ynfloed op 'e Ierske kultuer útoefene hawwe. Sjoen it seldsume foarkommen fan dat wurd yn it Aldnoarsk liket it lykwols tige ûnoannimlik dat it trochjûn wêze kin oan it Iersk.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |