Siersmastate

(Trochferwiisd fan Feytsmastate (Deinum))

Siersmastate, Siertemastate, Feytsmastate of Sierksmastate wie in state yn Deinum, gemeente Menameradiel. Fan de state is neat werom te finen.

De stins/state is boud foar of koart nei 1400. Yn 1420 komt yn Deinum al in haadling foar mei de namme Sija Sierdsma dy't dan mei Homme Oedsma fan Boksum in soenbrief tusken Sicke Syaerda mei syn freonen en Okke tom Broek besegelt.
Midden 15e iuw wurdt in 'Tierd Syersma toe Deynum' neamd dy't yn 1458 grytman oer it Deinumer nijlân is. Yn 1496 machtiget Feyka Ziersma syn buorman Wythie Laesz fan Boksum om foar him yn Harns mei de Grinzers te ûnderhanneljen. Pastoar Albert fan Deinum wie ree om syn segel oan it stik te hingjen, mar makket dêrby de oantekening dat hy sels net ûnder de Grinzers stean wol.

Yn 1516 wurdt Rieuwert Hessels op syn stins finzen nommen troch de Ljouwerters dy't it wer ris op in plonderjen set hawwe. Tsjin betelling fan 350 goudgûnen soenen de Deinumers har fee weromkrije, mar de frijheid fan it 'hearskip fan Deinum' foel bûten dy regeling. Dêrfoar moast ekstra betelle wurde. Yn 1529 lit hy it rjocht fan swannedrift foar Siersmastate registrearje en wurdt dan Riuerdt Fritsma neamd. At yn 1550 de tsjerketoer fan Deinum tige boufallich wurden is, bout Riverdt fan Feitsma tegearre mei syn soan Hessel en syn skoansoan Wytze fan Oedsma in nije toer. Ruurd en Wytze hawwe lykwols net sjoen dat de toer klear wie. In oare soan fan Ruurd wie Siuck waans grêfstien yn de Deinumer tsjerke leit.

Yn 1900 wie neat mear fan de state te sjen.

  • 1420 Sija Sierdsma
  • 1458 Tierd Syersma
  • 1496 Feyka Ziersma
  • ± 1510 tot 1556 Riverdt fan Feitsma
  • 1556 Hessel fan Feitsma
  • 1580-1612 Ofke fan Feitsma
  • 1612-1635 Haring fan Burmania, widdo fan Ofke fan Feitsma
  • 1723 Bocco Feitsma fan Feugen
  • 1768 famylje Meinsma
  • 1818-1827 Johannes Jacobus Meinsma c.s.
  • 1827-1829 Titia Appelhoff

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kroniek van het hedendaagse Friesland' fan Dr. Wumkes
  • Tegenwoordige staat van Friesland sa. 1775
  • Menaldumadeel, 2000 jaar leven in een Friese grietenij troch David Hartsema, 1981
  • Skiednis fan Menameradiel, red. Oepke Santema en dr. Y.N. Ypma, 1972
  • Van de mond der oude Middelzee, rige artikels yn it Friesch Landbouwblad fan 1922 - 1942 troch K.J. van den Akker, yn boekfoarm útbrocht yn 1971
  • Stinzen yn Fryslân