Filmfestival fan Adelaide
It Filmfestival fan Adelaide (Ingelsk: Adelaide Film Festival) is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e Australyske stêd Adelaide, yn 'e steat Súd-Austraalje. It evenemint bestiet sûnt 2003 en rjochtet him sterk op Australyske en Súdaustralyske produksjes. Op it festival wurde sawol ferheljende films as dokumintêres fertoand. It foaroansteande Amerikaanske tydskrift Variety naam it Filmfestival fan Adelaide yn 2007 op yn syn list fan "Net te Missen Filmfestivals".
Filmfestival fan Adelaide Adelaide Film Festival | ||
plak en tiid | ||
lân | Austraalje | |
steat | Súd-Austraalje | |
plak | Adelaide | |
tiid fan it jier | oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | AFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 2003 – no | |
offisjele webside | ||
adelaidefilmfestival.org |
Skiednis
bewurkje seksjeIt Ynternasjonaal Filmfestival fan Adelaide hie fan 1959 ôf bestien, mar waard foar it lêst holden yn 1980. Yn 2002 oppenearre Mike Rann, de premier fan Súd-Austraalje, om in nije filmfestival op te rjochtsjen, mei as doel om 'e regionale filmyndustry yn 'e dielsteat oan te fiterjen. It Filmfestival fan Adelaide waard foar it earst organisearre yn 2003 en wie oant en mei 2014 in evenemint dat ienris yn 'e twa jier holden waard. Fan 2015 ôf wurdt it elts jier organisearre. De earste tsien jier hie it plak yn 'e moanne maart, mar yn 2013 waard it ferskood nei oktober.
Namme
bewurkje seksjeIt Filmfestival fan Adelaide neamde himsels by de earste edysje yn 2003 noch it Ynternasjonaal Filmfestival fan Adelaide, nei syn foargonger, mar by de folgjende edysje, yn 2005, liet men de oantsjutting "ynternasjonaal" út 'e namme falle, om oan te jaan dat it evenemint him weromlutsen hie út it lidmaatskip fan 'e Ynternasjonale Federaasje fan Ferienings fan Filmprodusinten (FIAPF). Fan 2005 oant en mei 2011 stie it evenemint formeel bekend as it BigPond Adelaide Film Festival (BAFF), fanwegen de sponsoring troch it tillekommunikaasjebedriuw BigPond (no Telstra Media).
Prizen
bewurkje seksjeOp it Filmfestival fan Adelaide wurde de folgjende prizen útrikt:
- Don Dunstan Award (ferneamd nei Don Dunstan, premier fan Súd-Austraalje yn 'e 1970-er jierren; útrikt foar in treflike bydrage oan 'e Australyske filmyndustry)
- Feature Fiction Award (sjuerypriis foar de bêste ferheljende lange film)
- Feature Documentary Award (sjuerypriis foar de bêste lange dokumintêre)
- Bettison & James Award (ferneamd nei Jim Bettison en Helen James; oeuvrepriis foar lju dy't in wichtige bydrage oan 'e Australyske filmyndustry levere hawwe)
- INSITE Award (foar in treflik senario)
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |