Finlaysoniikhoarntsje
It finlaysoniikhoarntsje, Finlaysons iikhoarntsje, finlaysonklapperiikhoarntsje of Finlaysons klapperiikhoarntsje (Latynske namme: Callosciurus finlaysonii, soms misstavere as C. finlaysoni) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e pronkiikhoarntsjes (Callosciurus), dat foarkomt yn Súdeast-Aazje.
finlaysoniikhoarntsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Callosciurus finlaysonii | ||||||||||||
Horsfield, 1823 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
lânseigen fersprieding troch de minske yntrodusearre as eksoat |
Fersprieding
bewurkje seksjeFinlaysoniikhoarntsjes binne lânseigen yn eastlik, sintraal en noardwestlik Tailân, yn 'e westlike grinsstripe fan Laos, yn hiel Kambodja bewesten de rivier de Mekong, yn it uterste súdlike puntsje fan Fjetnam en yn in grut diel fan súdwestlik Birma. De ûndersoarte Callosciurus finlaysonii floweri, dy't him oanpast hat oan it libjen yn 'e stedsparken en tunen yn 'e Taiske haadstêd Bangkok, is troch de minske yntrodusearre yn Singapoer, in hiel ein bûten syn natuerlike ferspriedingsgebiet, dêr't er no as eksoat foarkomt.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer wurde fan it finlaysoniikhoarntsje mear as 15 ûndersoarten erkend, dy't kwa kleurpatroan tige útinoar rinne. Ien fan dizze ûndersoarten, Callosciurus finlaysonii ferrugineus, wurdt soms ek wol beskôge as in selsstannige soarte (Callosciurus ferrugineus). De ûndersoarte Callosciurus finlaysonii boonsongi is ferneamd nei en ta eare fan 'e Taiske soölooch en natoerbeskermer Boonsong Lekagul. Hjirûnder in opsomming fan alle ûndersoarten:
● C. f. finlaysonii |
● C. f. frandseni |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|