Fiona O'Carroll
Fiona O'Carroll (Dublin, 14 septimber 1980) is in Iersk aktrise en sjongster, dy't benammen bekend wurden is troch har rol yn 'e langrinnende tillefyzjekomeedzjesearje Mrs. Brown's Boys.
Fiona O'Carroll | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Fiona O'Carroll | |
nasjonaliteit | Iersk | |
berne | 14 septimber 1980 | |
berteplak | Dublin (Ierlân) | |
etnisiteit | Iersk | |
jierren aktyf | 2002 – no | |
offisjele webside | ||
Fiona O'Carroll op Twitter |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeFiona O'Carroll waard yn 1980 berne yn 'e Ierske haadstêd Dublin, as de dochter fan komyk Brendan O'Carroll. Mei tsien jier krong hja mei it nûmer Bitten by the Bug de top 10 fan 'e Ierske hitlisten binnen. Letter studearre se film en produksje oan it DLIAT. Hja wurke as aktrise mei oan withoefolle toanielproduksjes en spile ek yn 'e troch har heit skreaune en regisearre film Sparrows Trap.
O'Carroll waard lykwols benammentlik bekend troch har rol as skoandochter Maria Brown, yn 'e komeedzjesearje Mrs. Brown's Boys, in produksje fan har heit yn opdracht fan BBC Skotlân, dy't rûn fan 2002 oant 2008 en op 'e nij fan 2011 oant no (mids 2015). Yn dy rige wurket hja gear mei ferskate famyljeleden, wêrûnder har heit, Brendan O'Carroll (dy't de rol fan Maria har skoanmem, Mrs. Brown, spilet), guon fan har bruorren en har styfmem, Jennifer Gibney.
Yn 2006 troude Fiona O'Carroll mei tillefyzjeprodusint Martin Delany, mei wa't hja ûnderwilens trije soannen hat: Felix (2007) en de twilling Eli en Isaac Joseph (2014). Yn maart 2015 wie O'Carroll yn ferwachting fan har fjirde bern.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |