Firefox OS
Logo mei foks rûn de wrâld
Skerm fan Firefox OS, fertikaal
Standertapps op in mobyltsje

Untwikkelder Mozilla
Meast resinte ferzje 2.1.0
Lêste bêtaferzje 2.2.0/ Deistich bywurke
Platfoarm Android (compatible), Linux (simulator, emulator, firmware), OS X (simulator, emulator), Windows (simulator)
Kategory Bestjoeringssysteem
Lisinsje MPL 2.0
Webstee mozilla.org/firefoxos

Firefox OS is in bestjoeringssysteem fan Mozilla, dat draaie kin op Android-compatible mobyltsjes en tablets en yn 'e oarspronklike ferzje útbrocht waard yn 2013. It wurdt kant-en-klear ferkocht, mar kin ek sels op besteande Android-tastellen ynstalleare wurde. Ek in pear telefyzjes wurkje op firmware mei Firefox OS. Foar pc's binne der simulator- en/of emulatorferzjes.

Ynstallaasje

bewurkje seksje

Sels ynstallearjen is in behyplik putsje, om't net sa folle typen offisjeel stipe wurde, en de standertynstallaasje dêrom sels oanpast wurde moat foar it tastel. Fierders kin in simulator- of emulatorferzje maklik kompilearre wurde, of ynladen as add-on yn Mozilla Firefox.

Oersetting nei it Frysk

bewurkje seksje

De programma's binne foar in part yn it Frysk beskikber.

Fryske staveringshifker

bewurkje seksje

De Fryske staveringshifkers fan Hunspell/Myspell en Aspell wurde stipe.