Frysk op kompjûters
It skriuwen fan Frysk op kompjûters is net sûnder tûkelteammen. Om't de measte kompjûters yn de Feriene Steaten ûntwikkele binne, is der faak net achte op it ynfieren fan letters dy't net yn it Ingelsk brûkt wurde. Yn it bysûnder is it skriuwen fan letters mei diakrityske tekens,^ ´ ` ¨ ensfh., net sûnder mis mooglik. Ferskate programma's en bestjoeringssystemen binne oanpast oan it ynfieren fan oare tekens en fral foar grutte talen binne der aparte kaaibuorden makke, mar der is gjin oplossing dy't foar eltse taal en elts programma jildt.
Fryske lettersBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Frysk alfabet.
Sa jout ek it skriuwen fan Frysk problemen. Der is gjin spesjaal Frysk kaaiboerd en lykas by oare talen binne der problemen mei it ynfieren fan diakrityske tekens. Der is gjin fêste oplossing foar it probleem.
MicrosoftBewurkje
By Microsoft programma's is faak ien fan de folgjende oplossings mooglik:
- Jo type earst it teken en dan de letter. Om't op in soad kaaibuorden gjin trema (¨) sit, wurde dêrfoar klamkes (") brûkt. De kaaiboerdynstelling moat dan by taal op VS (International) stean.
- Jo brûke in kaaiekombinaasje om de Microsoftkoade fan de letter mei diakritysk teken oan te jaan: hâld de Oarre [Alt] fêst en tikje trije sifers yn op it rjochter siferblokje.
Yn dat lêste gefal giet it meast om de neikommende koades:
|
LinuxBewurkje
By Linux kin de wize fan fêstlizzen fan ynstellingen per distribúsje ferskille!
Earst moat de 'LANG'-omjouwingsfariabele fêstlein wurde op systeem- of brûkersnivo. Foar it Frysk is dat: fy_NL (standert yn glibc), fy_NL@euro of fy_NL.UTF-8 (taal_LAN[Tekenset UTF-8, mar ISO-8859-1 of ISO-8859-15 komt ek foar]). Meastal sil foar in Nederlânske taal- en lânynstelling keazen wurde mei deselde tekenset. In Fryske LANG kin altiten noch eksportearre wurde yn in (sub)shell by it opstarten fan in inkeld programma (Fryske oersettingen sille dan ek automatysk te sjen wêze). Foar it brûk fan UTF-8 yn de console, en it euroteken yn de console of X-server kinne ekstra ynstellingen nedich wêze.
De kaaiboerdyndieling moat apart ynstelle wurde foar de console en de grafyske skyl (X-server). By sawol in Amerikaansk as Nederlânsk kaaiboerd, kin keazen wurde út twa manieren om letters mei aksinten te typen:
- 'dead keys': druk in aksint yn, en dêrnei de letter (mar in spaasje jout allinnich it aksint).
- 'compose key': druk de gearstalkaai yn (b.g. ljofter Microsoft-kaai), typ dêrnei de letter en aksint (aksint dan letter kin ek).
Mac OSBewurkje
Op in Mac kinne diakrityske tekens oanbrocht wurde mei in kaaiekombenaasje foarôf. Der fan útgeande dat jo wurkje mei in Nederlânsk kaaiboerd en de taalynstellings ek op Nederlânsk stean ha, brûke jo:
|
Op in mobile telefoan of tablet mei OS giet it oars. Troch it lûd dêr't it diakrityske teken boppe moat langer yndrukt te hâlden ferskynt in rige tekens dêr't jo út kieze kinne.
Fryske tekstBewurkje
Net allinnich it skriuwen fan de letters is in probleem, ek by it skriuwen fan tekst is net faak rekken hâlden mei it Frysk. Sa wurdt der by tekstbewurkers meast gjin Fryske staveringshifker levere. Wannear't wurdlisten foar de staveringshifker te krijen binne, moatte dy hânmjittich tafoege of ynstallearre wurde.
Der binne fjouwer ferskillende systemen foar staveringshifking, dy't meast net frij keazen wurde kinne:
- De Fryske Akademy hat ferskate staveringshifkers foar Frysk ûntwikkele. Dizze wurkje yn Microsoft Office ûnder Windows en Mac OS X, of as losse app yn Android. Meikoarten komt der ek in app beskikber foar iOS.
- Oare grutte programma's brûke it iepenboarne systeem fan Hunspell/Myspell. Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 in Fryske ferzje.
- Folle programma's brûke ek wol it iepenboarne Aspell. Sûnt febrewaris 2007 wurdt hjir ek it Frysk offisjeel stipe.
- De standertprogramma's fan Mac OS X hawwe in eigen staveringshifker, AppleSpell, mar in Fryske wurdlist ûntbrekt.
By it kontrolearjen fan teksten kinne ûnbekende wurden sels oan de listen tafoege wurde, troch mei de mûs op in knopke te klikken.
Frysktalige programma'sBewurkje
Dêr't it skriuwen fan Frysk al in probleem is, binne der fansels ek net folle programma's dy't Fryske tagong hawwe. Dat jildt benammen foar bestjoeringssystemen. Der binne al wat projekten om foar iepenboarne programmatuer de tagong oer te setten nei it Frysk ta.
Programmeurs fan iepenboarne programma's, stelle yn it miene bydragen fan elkenien oan (nije) oersettingen tige op priis, om't it de status fan it programma ferheget en mear brûkers bynt. Sawol it programmearjen as it oersetten is meast hobbywurk. Foar it skriuwen en ûnderhâld fan oersettingen is gjin hege kompjûterkennis fereaske, mar wol bedreaunens mei it gebrûk fan it programma.
Betsjutting:
Frysk sûnder ynstallearjenBewurkje
Websiden en dvd's biede de taal ûnôfhinklik fan it kompjûtersysteem oan. Faak wurde der op 'e eftergrûn automatysk wat lytse helptriemmen ferpleatst nei de kompjûter. Yn in protte gefallen is it gebrûk fan Frysk net wûnderlik, bygelyks mei de webstee fan Omrop Fryslân of in film-dvd. Guon gefallen binne lykwols it neamen wurdich.
WebsteeënBewurkje
- Colnect, in wiki-eftige samlersmienskip foar tillefoankaarten, postsegels ensfh. De webynterfaasje is nei it Frysk oerset en kin as foarkar ynsteld wurde.
Dvd's en cd-romsBewurkje
- Yn begjin 2005 is der in kompaktskiif fan it "Lieteboek foar de Tsjerken" útkaam mei in Frysktalige ynterfaasje. It programma is (benammen) in Windows-tapassing en befettet triemmen foar ûnder oare ienstimmige muzyknotaasje en mearstimmige muzykwerjefte.