Fjoer en Fidúsje

Fjoer en Fidúsje is in komposysje foar fanfareorkest fan de komponist Carl Wittrock.

It wurk waard yn 2007 komponearre yn opdracht fan de Kristlike Muzykferiening De Bazuin Stynsgea ta gelegenheid fan it 100-jierrige jubileum (1907-2007). Earstiids stienen yn De Wâlden kleasters. It wienen feilige plakken yn in rûge omjouwing. De komponist waard ynspirearre troch de boeken fan skriuwer Theun de Vries. Yn de boeken komt nei foaren, dat de paden tusken de ferskate doarpen en buorskippen tige ûnfeilich wienen. Eangst oerhearske. It wie rûch folk; boppedat wie der in soad earmoede. Dizze komposysje waard by it 16e Wrâld Muzyk Konkoers (WMC) yn Kerkrade yn 2009 ferplicht steld yn de seksje fanfareorkesten útkommend yn de 3e difyzje.

De sfear fan eangst en ûnrjocht wurdt yn dizze komposysje fielber makke. De Slach om de brêge by Blauforlaet (Twadde Wrâldoarloch) spilet in wichtige rol yn Fjoer en Fidúsje. Fjoer jout de triuw, it trochsettingsfermogen en de sterke belutsenheid fan de minsken oan om de earmoede en it ûnrjocht te bestriden. Fidúsje hat de befolking yn de Wâlden altyd hân; yn harsels en party ek yn God. It koraal oan de ein yn dizze komposysje jout dit goed wer.

It wurk waard op cd opnomd troch de Keninklike Muzykferiening De Leiezonen Desselgem ûnder lieding fan Diederik De Roek op it label "Mirasound Media Services bv" WWM 500.159 - Highlights WMC 2009 - Fanfare.

Orkestraasje

bewurkje seksje
  • sopraansaksofoan, altsaksofoan I+II, tenorsaksofoan, baritonsaksofoan;
  • flügelhorn yn es, flügelhorn yn bes I+II+III, hoarns I+II+III+IV, trompetten I+II+III, trombônes I+II+III, bariton (fioelesleutel) I+II, eufonium, tuba yn es, tuba yn bes;
  • pauken, mallets, slachreau I+II

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: