Flagge fan Aldehaske
De flagge fan Aldehaske is de flagge fan it doarp Aldehaske, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 1989 registrearre.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Twa horizontale banen wyt-grien, 3 kear weagjend oan mekoar sluten, de wite baan yn de broektop belein mei in springende reade hazze.
De kleuren komme út it wapen fan Aldehaske.
Symbolyk
bewurkje seksje- Reade hazze: ferwiist nei de plaknamme Aldehaske, fanwegen "haske".
- Twadieling: symboal foar de Jousterwei dy't troch it doarp rint.
- Grien fjild: ferwiist nei de boskige omkriten fan it doarp.