De flagge fan Baard is de flagge fan it doarp Baard, yn de Fryske gemeente Ljouwert. De flagge is yn 2001 registrearre.

Flagge fan Baard

It ûntwerp is fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.

De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif banen neffens de broekdiagonaal blau en read; op de tredde baan twa seispuntige giele stjerren, lykmjittich ferdield oer de baan en pleatst yn de rjochting.

De kleuren komme út it wapen fan Baard.

  • Blau fjild: oernommen út it wapen fan Baarderadiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
  • Read fjild: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Dekema. Dizze famylje bewenne de Dekemastate by it doarp.
  • Seispuntige stjerren: oernommen út it wapen fan Baarderadiel.