Flagge fan Donkerbroek
De flagge fan Donkerbroek (Stellingwerfsk: vlagge van Donkerbroek) is de flagge fan it doarp Donkerbroek, yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. It wapen waard yn 1980 registrearre.
It ûntwerp is fan Piet Bultsma.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen fan grien en giel, dêr't de hichten har fan ferhâlde as 2: 1: 2, mei in swarte broekingstrijehoeke fan swart, mei dêrop in griffioen fan read.
De kleuren komme út it wapen fan Donkerbroek.
Symbolyk
bewurkje seksje- Griene banen: ferwize nei it agraryske karakter fan it doarp.
- Giele baan: symboal foar de Hearrewei dy troch it doarp hinne rint.
- Swarte broekingstrijehoeke: ferwiist nei it fean yn de omkriten fan it doarp.
- Griffioen: oernommen út it wapen fan Eaststellingwerf.