Flagge fan Hidaard
De flagge fan Hidaard is de flagge fan it doarp Hidaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 1999 oannomd en yn 2001 registrearre.[1] It ûntwerp fan de flagge is fan de hân fan J.C. Terluin en R.J. Broersma.[2]
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe beskriuwing fan de flagge is:
Read mei in giele stútlizzingstrijehoek, ferlinge nei de stútlizzing mei 1/8 flaggelingte, wêrfan de boppekant yn 'e midden fan de flagge leit; de bosserjende trijehoek bedekt mei in swart ôfhakte hynstehaad fan 3/5 flaggehichte; en in blauwe fleanende trijehoek, wêrfan de boppekant 2/3 flaggelingte is en troch in wite kperstof ferbûn is mei de boppekant yn'e midden fan de flagge.[3]
De kleuren komme fan it doarpswapen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|