Wapen fan Hidaard
It wapen fan Hidaard is it wapen fan it doarp Hidaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.[1]
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe blazoenearring fan it wapen is:
Dield I. Yn goud in ôfsniene swarte hynstekop; in reade skyldfoet, belein mei in gouden klaver; II. yn goud in ôfsniene swarte hynstekop; in read skyldhaad, belein mei in gouden klaver; in blau skyldhaad, belein mei in omkearde sulveren keper, útgeande fan de boppeside fan it skyld, de trochsnijingsline reitsjende.[2]
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), keel (read), azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
bewurkje seksje- Yndeling skyld: tsjut op de krusing fan diken by buorskip De Kliuw oan de súdkant fan it doarp.
- Hynstekoppen: ferwize nei de hynstefokkerij yn it doarp.
- Klaverblêden: symboalen foar de feehâlderij.
- Skyldhaad: stiet foar de Hidaarder Feart.[3] De keper byldet de Hidaardersyl yn de Slachte út.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|